Oerlis:Mlungu dalitsani Malaŵi
Appearance
Fideo
[boarne bewurkje]Ik ha in fideo fan it folksliet fan Malawy, spile op it oargel fan de Benediktustsjerke yn Damwâld. De fideo is frij fan rjochten. Hoe kin ik dy it bêste tafoegje? --Magna Frisia (oerlis) 6 mai 2021, 09.11 (CEST)
- Goeie. De iennichste manear om bestannen op te laden nei dizze webside is fia de link "Bestân oanbiede" yn 'e sydbalke oan 'e lofterkant fan jo byldskerm (ûnder it kopke "Helpmiddels"). Talitten bestânstypen binne: tiff, tif, png, gif, jpg, jpeg, webp, xcf, pdf, mid, ogg, ogv, svg, djvu, oga, flac, opus, wav, webm, mp3, midi, mpg, mpeg. Mar dat stiet ek dúdlik oanjûn op 'e side dy't him iepenet as jo op dy link klikke. Neffens my wiist it him fierders sels, mar as ik dêr mis mei bin, fiel jo dan frij om fierdere fragen te stellen. (Ik moat dêrby trouwens oantekenje dat ik noch nea in fideobestân opladen haw, allinne mar plaatsjes, mar ik nim oan dat soks op deselde manear giet.) Súkses! Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 mai 2021, 22.54 (CEST)