Springe nei ynhâld

Oerlis:Milenniumbrek

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Millennium is dochs mei twa l-en en twa n-en? Yn 't Nederlânsk en Ingels yn elts gefal wol. Maartenvdbent 23.51, 19 jul 2006 (CEST)

Yn it Ingelsk wurdt ek "Mil-lennium" sein. Yn it Frysk wurdt "Mi-lennium" sein, dat it wurdt stavere as Milennium. Aliter 03.15, 20 jul 2006 (CEST)
It is ek miligram mei ien L neffens Zantema. Wat seit it nijste Wurdboek hjiroer? --Swarte Kees 12 jul 2011, 20.58 (CEST)[beäntwurdzje]
Zantema seit yn it Frysk/Ned wurdboek dat milligram en millimeter mei twa 'l's moatte en yn it Ned/Frysk, ûnder redaksje fan W. Visser dat soks mei ien 'l' moat. Dêrfandinne ek de betizing, jo sjogge no ienris net altiten nei de twa yngongen. Yn 'e Wâlden 13 jul 2011, 11.49 (CEST)[beäntwurdzje]
Heul apart, by my stiet yn beide mei ien l. Ik sil it ris oan it Taalburo foarlize.--Swarte Kees 13 jul 2011, 12.04 (CEST)[beäntwurdzje]
Myn puzelwurdboek wurket ek mei ien 'l' sjoch ik no. En op google komst beide foarmen tsjin. Ik tink dat wy by ien 'l' útkommme. Yn 'e Wâlden 13 jul 2011, 12.15 (CEST)[beäntwurdzje]
Reaksje Hindrik Sijens fan it Taalburo: Foar it frege útslútsel kin it bêste it nijst FA-wurdboek brûkt wurde, It Frysk Hânwurdboek 2009, en dat jout milennium, mei 1 l. Ek de List fan frjemde wurden (Oosterhaven 2000) jout de stavering milennium--Swarte Kees 13 jul 2011, 13.01 (CEST).[beäntwurdzje]
Bêst genôch! Yn 'e Wâlden 13 jul 2011, 15.50 (CEST)[beäntwurdzje]