Milenniumbrek
De milenniumbrek wie in sydeffekt fan beslissings oer kompûterprogramma-ûntwerp, yn de jierren 50 en 60, dat kompûterflaters feroarsaakje koe by it berekkenjen fan datums yn en efter 2000.
Oarsaak
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de begjintiid fan it kompûterprogrammearjen ûntstie de gewoante om by it opnimmen fan datums yn databanken by it jiertal de earste twa sifers wei te litten, om't dy altyd 19 wienen. In kompûterûnthâld hie net in soad romte, dat sels it útsparjen fan twa posysjes wie wichtich. Fansels soe dat útsparjen in swierrichheid wurde oan it ein fan de iuw, as de jierren net mear mei '19' begûnen, mar yn dy tiid waarden programma's skreaun foar spesifike problemen; it wienen ienmalige, tydlike produkten. Dat databanken in nije soarte fan programma's wienen dy't langer brûkt wurde soenen wie noch net dúdlik.
Gefolch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de lêste jierren foar 2000 wienen der hieltyd noch programma's dy't de bewarmetoade fan de datums fan dy earste databanken oernaam hienen. Mar om't datums yn in soad programma's brûkt wurde, wie net dúdlik foar hokfoar programma's dat gou. Fral foar programma's dy't allinnich mei de tsjinwurdige datum en mei ferline datums wurken wie it net dúdlik of se op 1 jannewaris 2000 rekkenje soenen mei 1 jannewaris 1900.
Media
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dit wie in tige oansprekkend probleem, dêr't alderlei betsjinningsrampen oan taheakke wêze koenen, dat de media hienen in soad oandacht foar it probleem. Fral yn de Feriene Steaten fan Amearika soarge dit foar in soad reaksjes fan it publyk, dêr't de media dan wer mear oandacht oan joegen, ensfh. Ek de tillefyzje- en filmwrâld brûkten it tema.
Maatregels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om problemen yn 2000 foar te kommen waarden mei mannemacht safolle mooglik programma's neisjoen, en as nedich oanpast. Aldere apparatuer waard ferfongen troch nijere dêr't wis fan wie dat der gjin milenniumbrek yn siet. En foar nijjier 2000 wienen needmaatregels naam, foar it gefal in wichtich systeem, bygelyks gasfoarsjenning, útfalle soe troch in milenniumbrek.
2000
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 1 jannewaris 2000 die bliken dat de measte milenniumbrekken, troch it ferfangen fan apparatuer en it oanpassen fan programmatuer, opfongen wienen. De maatregels hienen sa'n grut sukses hân dat der in soad minsken wienen dy't tochten dat der net wier in probleem west hie, en dat al it wurk om neat west hie. Mar fral yn earmere lannen wienen der genôch problemen mei âldere kompjûters om dúdlik te meitsjen dat der sûnder maatregels yn alle gefallen in grutte kâns west hie op milenniumbrekken.