Oerlis:Marianetrôch

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oerlis:Marianetroch)

Troch of trôch[boarne bewurkje]

Moat dizze side net "Marianatrôch" hjitte? Frysker jout "trôch" foar nl "trog". Kneppelfreed (oerlis) 11 sep 2022, 07.57 (CEST)[beäntwurdzje]

Nee @Kneppelfreed: In trôch is in fuorbak foar bargen. Sjoch Frysker Drewes (oerlis) 11 sep 2022, 17.05 (CEST)[beäntwurdzje]

Hoi @Drewes: as ik "troch" yntyp by Frysker krij ik dit:

  • 1 fan in punt oan 'e iene kant fan in romte, massa, stof of foarwerp nei in punt oan 'e oare kant dêrfan, sa, dat de wei dêrbinnen leit
  • 2 fan in punt yn in romte, massa of stof nei in oar punt dêryn, wêrby't it giet om de beweging of de wjerstân dy't ûnderfûn wurdt
  • 3 fan 'e iene kant fan in iepening of trochgong nei de oare kant
  • 4 fan it iene punt yn 'e tiid, in barren of ûntjouwing nei it oare, yn 'e rin fan
  • 5 om in ferminging oan te tsjutten
  • 6 om in saak of persoan as oarsaak, middel of reden oan te tsjutten fan

As ik "trôch" yntyp krij ik dit:

  • rjochthoekige, ûndjippe foerbak, fan boppen wider as fan ûnderen
  • 2 fiskbun
  • 3 geology ploaide delling, yn earder tiden foarme fan in gletsjer
  • 4 skelwurd smoarch persoan baarch griemer heiden
@Kneppelfreed en Drewes: Goeie. Hjir wurdt in ploaide delling ûnder de see bedoeld. Liket my dúdlik: it moat "trôch" wêze. In wurd kin mear as ien betsjutting hawwe, dat de bargen komme hoe dan ek net oan it krapperein. :-) Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 sep 2022, 00.14 (CEST)[beäntwurdzje]