Springe nei ynhâld

Oerlis:Mar fan Allos

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Ik haw it earder net sjoen, mar moat dit net "Allosmar" as "Allos-Mar" wêze? Strikt sein is dit de "Allosser Mar"; dat is hoe't de namme fan in mar by in stêd ensfh. ornaris opboud is yn it Frysk. Mar at wy oan "Allos" fêsthâlde wolle is it hieltyd noch ien wurd yn stee fan twa, tink. Mysha (oerlis)

"Mar fan Allos" (Lac d'Allos) hie ik tocht.Drewes (oerlis) 2 jul 2015, 17.10 (CEST)[beäntwurdzje]
Dat is letterlik, ja. Mar dat is mei de stêd efteroan, wat yn Fryslân net sa gau dien wurdt. Dat ik koe my yntinke dat it mean Frysk makke waard mei "Allosser Mar". Hawar, ik woe mar sizze: Sa't it is, is "Allos Mar" ferkeard skrean. Kies mar hokfoar namme better is. Mysha (oerlis)