Oerlis:Lichtaard

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Jo kinne it fan tinken wol hawwe dat dy saneamde ferklearring fan de namme folsleine ûnsin is. En yn de kleasterkroniken fan Kleaster Fulda wurdt skreaun fan Lihdanfurth mei de konklúzje de Dútsers hienen wol faker muoite mei Fryske plaknammen. Hokker Fryske nammen, grif mei dy út de moderne tiid ja. Drewes (oerlis) 28 aug 2018, 18.20 (CEST)[beäntwurdzje]

It is miskien de baas om derby te setten dat it folksetymologyen binne, dan is it foar de lêzer dúdlik wat er deroan hat. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 aug 2018, 18.28 (CEST)[beäntwurdzje]

Oars wat. Wat binne dy Fryske toochpanielen oan de preekstoel? Drewes (oerlis) 28 aug 2018, 18.44 (CEST)[beäntwurdzje]

@Drewes: Hie ik ek noch nea fan heard. Mar ik haw ris even googleë op 'toogpaneel'. Sjoch hjirre. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 aug 2018, 19.05 (CEST)[beäntwurdzje]