Springe nei ynhâld

Oerlis:Lange Sleat (Terkaple)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

"By it slúske is in oanlisplak dat de Knarrekrite neamd wurdt. In soad âldere boatsjeminsken geane hjirwei, troch De Dolten, nei De Jouwer ta te boadskipjen."

Der koenen wat mear details yn dit part opnaam wurde. Aliter 3 sep 2007, 07.11 (CEST)[beäntwurdzje]
It is al better, mar ik tocht ek oan saken as:
  • Yn hokfoar wetter sit dat slúske?
  • Wêrom wurdt dat oanlisplak allinnich mar sa "neamd": hat it in oare namme?
  • Wêrom is dit beheind ta âldere boatsjeminsken?
  • Hoe komme dy lju yn de Jouwer?
Wy komme der wol. Aliter 4 sep 2007, 05.10 (CEST)[beäntwurdzje]

"De Lange Sleat is hast twa kilometer lang."

Mjitten fan wêr oant wêr? Aliter 3 sep 2007, 07.11 (CEST)[beäntwurdzje]
Foar safier ik neigean kin (wy neame dat sels ek sa) hjit it stik wetter fan de brêge yn Eagmaryp (Dêr't Jelle syn foto fan ôf nomd is) oant de knik by de Boksleat ek noch Lange Sleat. It is ferhipte lestich om fanút de Syltsjesleat ûnder de brêge troch loftsôf te slaan mei de boat.Swarte Kees 3 sep 2007, 20.04 (CEST)[beäntwurdzje]
At de Lange Sleat trochrint oant dêr't it wetter likernôch by de dyk lâns rint, dan is it likernôch treddel kilometer. Dat stiet der no ek. Mar de kaart mei Fryske wetternammen, dy't de nammen opskood at dy út byld ferdwine, skood "Lange Sleat" net troch nei it stik besúden de Boksleat, dat dat liket der net by te hearren. Oarsom liket de Syltsjesleat ek net troch it doarp te gean. Ik haw de gemeente frege at dy it persizer sizze kinne. Aliter 4 sep 2007, 05.10 (CEST)[beäntwurdzje]