Oerlis:Kneppelfreed
Side op 'e Nij Besjoen
[boarne bewurkje]Ik haw dizze side oanfolle en wat oanpast.
De bewearing dat mr. Wolthers sels in Fries fan komôf wie, haw ik fuorthelle, want dat kin ik net weromfine yn it boek "Kneppelfreed - Gevecht om de Taal met Wapenstok en Waterkanon" fan Peter R. Boomsma. Sterker noch, op side 31 liket Boomsma te suggerearjen dat Wolthers fan komôf in Hollanner wie. Lykwols bestiet der gjin twifel oer dat Wolthers wol Frysk ferstean koe.
Fierders haw ik guon sinnen dy't my wat al te partijdich talieken feroare of ôfswakke. Dit is op 't lêst in ensyklopedy - de stikjes moatte al wat ûnpartijdich bliuwe.
Ik wit net wêr't de opsetter fan dizze side de sitaten fan Schurer wei hie, mar yn ferliking mei de folsleine teksten jûn yn boppeneamd boek wienen se - litte we sizze - frij werjûn. Woadan 14.18, 8 jan 2006 (UTC)
Ministers yn Fryslân
[boarne bewurkje]Wy hawwe "twa dagen". Oare boarnen hawwe gauris "twa wiken". Binne wy hjir wis oer? Aliter 17.37, feb 11, 2006 (UTC)