Oerlis:Jeropeeske Uny
Goeie allegear,
Ik ha krekt de ynlieding en skiednis fan it artikel hifke, de rest fan de side is noch lang net by de tiid. Miskien kin der ien nei sjen? Groetnis --Kening Aldgilles 26 jul 2010, 16.48 (CEST)
Ik ha krekt in stik tekst út it artikel helle. Yn dit stik tekst stean in protte nijsgjirrige dingen, mar ik twivelje oer de betrouberens. Ik fûn it skande om de tekst samar fuort te smiten, dat ik set it hjir earst mar efkes del:
De Uny bliuwt lykwols basearre op ferdraggen tusken lidsteaten (ek it útstel oangeande de Jeropeeske grûnwet wie yn rjochtstermen in ynternasjonaal ferdrach), dêr't út bliken docht dat de Uny bestiet út winsken fan de lidsteaten - in lidsteat kin him yn prinsipe elts winslik momint weromlûke út de Uny en wizigings oan de ferdraggen moatte troch alle lidsteaten yndividueel ratifisearre wurde.
Yn dat ramt liket de JU hieltyd mear in konfederaasje, dy't net lykas in federaasje soeverein is en besteansrjocht hat troch de graasje fan de lidsteaten. In konfederaasje yn de tradysjonele besjutting hat lykwols mear foech, fral op it mêd fan útlânske saken en definsje. De measte minsken klassifisearje de JU dêrom as in unike foarm fan gearwurking tusken lannen.
Op dit stuit besiket men de besteande ferdragen dy't de JU foarmen gear te foegjen yn in nij ferdrach, dat yn it plak fan de besteande ferdraggen komme moat. De algemiene miening is no sa dat de besteande strukturen te kompleks en beheind binne trochdat de Uny yn de rin fan 'e tiid hieltyd mear taken krigen hat. Dêrnjonken is it neffens in protte minsken net gaadlik foar útwreiding fan de Uny lykas dy sûnt 2004 bestiet en al hielendal net tsjin de fierdere útwreiding yn 2007 of letter. It ferdrach dat neffens de Jeropeeske lieders fan regearen dat fertúten dwaan soe, de Jeropeeske grûnwet, krige yn in referindum fan 2005 net genôch stipe yn Nederlân en Frankryk. Nei in perioade fan ûnwissigens fuortendaliks nei it mislearjen fan it ferdrach is der no in algemiene konsensus dat der nije ûnderhannelings oer in ferdrach komme soene. Ek it Ferdrach fan Lissabon dat der foar yn it plak komme moast is lykwols yn in referindum net oannaam, diskear yn Ierlân.
Op it stuit hat de Jeropeeske Mienskip op bases fan kêst 281 fan it Ferdrach fan Rome in ynternasjonaal rjochtspersoan, wat betsjut dat de Uny allinne as JM ynternasjonale ferdragen slute kin mei lannen of oare ynternasjonale rjochtspersoanen. De Jeropeeske Uny as oerkoepeljende organisaasje mei lannen of oare ynternasjonale rjochtspersoanen. De Jeropeeske Uny as oerkoepeljende organisaasje is lykas de twa oare pylders gjin rjochtspersoan. Der wurdt rekken hâlden mei in oankommende ferdrachswiziging foar de gânse Uny dy't dan de status fan rjochtspersoan krijt (dit wie foarsjoen yn de Jeropeeske Grûnwet).
Ik sil no fierder mei it stik 'Beskriuwing en status', dat net samar wer weromsette.
Freonlike groetnis --Kening Aldgilles 28 jul 2010, 14.40 (CEST)