Oerlis:Jenny Douwes
Appearance
Untrinnen fan taakstraf?
[boarne bewurkje]Eefkes oer de lêste sin: 'wêrmei't hja dus in grut part fan har taakstraf ûntrinne koe'. It sil miskien wat oars bedoeld wêze, mar sa kloppet it net. It fonnis yn heger berop wie in legere taakstraf. It ferskil tusken de eardere útspraak en de útspraak yn heger berop kin net útlein wurde as 'it ûntrinnen fan straf'. In legere straf oplizze is in aksje fan de rjochter, it ûntrinnen fan straf in aksje fan de feroardielde. Der is pas sprake fan it ûntrinnen fan straf as de feroardielde it fonnis net útfierd lykas oplein. As der nei dat arrest yn heger berop fersom west hat, dan graach in boarne en oars bin ik fan betinken dat dizze wurden ferwidere wurde moatte. RomkeHoekstra (oerlis) 18 apr 2023, 08.22 (CEST)