Oerlis:It Garnalefabryk

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Drewes: Dit moat eins oarsom, want neffens de eigen webside is it it 'Garnalefabryk', en net 'It Grenaatfabryk'; it stiet oan in strjitte dy't betiizjenderwize wól wer 'It Grenaatfabryk' hjit. Never mind... Ik haw de side fan 'e middei nei iten al even trochwest, dat ik sil der aansten wol oer gear. Mar ik bin no earst wer mei de ynfoboksen oan 'e gong, om't de burokraten by Wikimedia sa nedich it spul feroarje moatte. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 jul 2018, 18.59 (CEST)[beäntwurdzje]

Mei iens. Drewes (oerlis) 2 jul 2018, 19.04 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw it foar de aardicheid noch efkes op Taalweb Frysk neisjoen. Sy jouwe de foarkar oan 'garnaal', mar 'poarre' en 'porre' mei ek. It sykwurd 'grenaat' smyt neat op, mar tikje jo 'garneel' yn, wurdt der ferwiisd nei 'grenaat'!! Drewes (oerlis) 2 jul 2018, 19.19 (CEST)[beäntwurdzje]
Och ja, fan burokrasy sprutsen! Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 jul 2018, 19.49 (CEST)[beäntwurdzje]