Oerlis:Henk Wolf

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Ik fyn it stik oer it ûngemak te wiedweidich, te detaillearre foar in ensyklopedysk stik. De helte kin der om my ôf. Drewes (oerlis) 10 aug 2018, 16.06 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik fyn earder dat de rest fan 'e side te summier is. As der wat mear oer de man syn libben en karriêre skreaun wurdt, springt dy iene alinea oer dat ûngemak ek net mear sa yn it each (ha ha). Dan hoecht it ek net mear in aparte titel te hawwen en kin it ynpast wurde yn in gruttere trochrinnende biografy. Ik wist suver net iens mear dat ik it derby set hie, mar no't ik it wer lês, komt it wer boppe. It is in apart ferhaal, en ek wol nijsgjirrich, en it hat fansels in grutte impact op Wolf syn libben, dat it is neffens my wol deeglik relevante ynformaasje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 aug 2018, 18.19 (CEST)[beäntwurdzje]