Oerlis:Grutte Priis Formule 1 fan Turkije 2005
Appearance
@FreyaSport: Goeie. Dat útsketten betsjut tink dat de auto fan de baan rekke? Alle kearen dat ik it lês moat ik tinke oan ien mei in gewear. Soe it net oars omskreaun wurde kinne? Drewes (oerlis) 16 nov 2021, 17.04 (CET)
- @Drewes Dat is net de bedoeling dat lêzers oan sjitten tinke. It giet om de oersetting fan de Ingelske termen "Spun Off" en "Spin" yn beide sitaasjes binne se fan de baan rekke, Ik ha de earste kear dat ik dizze termen tsjink aam meardere fariaasjes probearre en by útsketten útkaam as moaiste oersetting, mar as jo in bettere oersetting fine kinne dan soe it moai wêze. FreyaSport (oerlis) 16 nov 2021, 17.10 (CET)
- @FreyaSport: Ik efkes wat socht en begryp jo probleem. It letterlik oersetten fan in wurd út in frjemde taal nei it Frysk jout faak Frollânsk of, yn dit gefal in soarte fan Fringelsk. Omskriuwe is dêrom faaks better. Hoe liket jo 'fan de baan rekke' of 'fan de baan sketten' of - yn gefal fan - 'út de bocht flein' ta? Drewes (oerlis) 16 nov 2021, 17.31 (CET)
- @Drewes Sels hie ik wurden probearre as "yn 'e rûnte flein", "omdraait" en "rûntsje makke" mar ik fyn "fan 'e baan rekke" in moai alternatyf foar útsketten. FreyaSport (oerlis) 16 nov 2021, 17.49 (CET)