Oerlis:Geslachtsripens

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Jouwe dy hormonale feroarings in koartere lichemslingte by famkes? Drewes (oerlis) 12 des 2016, 17.24 (CET)[beäntwurdzje]

Koarter as by jonges; manlju binne oer it algemien langer as froulju, dat is ien fan 'e sekundêre geslachtsskaaimerken by de minske. By guon oare bistesoarten, lykas kikkerts, is it krektoarom, dêr binne de wyfkes grutter as de mantsjes. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 des 2016, 17.37 (CET)[beäntwurdzje]
Tanke. Bliid dat ik gjin kikkert bin...Drewes (oerlis) 12 des 2016, 17.46 (CET)[beäntwurdzje]
Even sydlings: doe't ik lyts wie, wenne der in doarp fierderop in boer ('k sil mar gjin nammen neame), dat wie sa'n lyts mantsje, en dy wie krekt troud mei in ûnbidich grut frommes. As ik dy beiden sneins yn tsjerke seach, moast ik altyd tinke oan sa'n wyfkeskikkert dy't yn 'e peartiid in hoart mei in lyts mantsjeskikkertsje op 'e rêch omhipt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 des 2016, 18.05 (CET)[beäntwurdzje]
Ha! Sa'n pear wie der ek yn ús doarp, Dikke Jikke en Lytse J.S.; opposites attract.Drewes (oerlis) 12 des 2016, 18.12 (CET)[beäntwurdzje]