Oerlis:Geeske van de Molengraft

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Dit is de twadde kear dit jier dat Geesmolen ús freget om it stikje fuort te smiten. Ik haw har earder om in reden frege, mar se andere net. Sille wy har winsk mar honorearje? Drewes (oerlis) 22 aug 2018, 20.55 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik wit net. Yn it foarste plak kinne wy fansels hielendal net krontrolearje oft 'GeesMolen' wol echt Geeske van de Molengraft is. En dêrnjonken fyn ik it apart as minsken sels bepale kinne oft der wat oer harren skreaun wurdt. Ik bedoel, as Trump seit fan: 'ik wol net dat de Wikipedy wat oer my skriuwt', en wy willigje sokke fersiken yn, dan komt it der my dizze ensyklopedy al apart foar te stean. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 22 aug 2018, 21.14 (CEST)[beäntwurdzje]
Goed, dan litte wy it bestean. Drewes (oerlis) 22 aug 2018, 21.17 (CEST)[beäntwurdzje]
@Drewes: Ik leau, ik sil by Metawiki ris freegje oft se rjochtlinen hawwe foar dit soarte gefallen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 22 aug 2018, 21.24 (CEST)[beäntwurdzje]
@Drewes: Sjoch: m:Ask a question/Recent questions#Deletion request by subject of article. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 22 aug 2018, 21.51 (CEST)[beäntwurdzje]

Hallo, hier Geeske van de Molengraft weer. Ik zie bovenstaande discussie. Helaas spreek ik geen Fries en snap ik ook de werking van Wikipedia niet. Ik zou graag met iemand in contact komen, zodat ik me buiten het openbaar netwerk om kan identificeren en uit kan leggen waarom ik wil dat de vermelding over mij wordt verwijderd.

@Geesmolen en Drewes: Goedenmiddag. De discussie hierboven is snel genoeg uitgelegd. Wij (de beheerders van de Friese Wikipedia) hebben verschillende problemen met uw verzoek. In de eerste plaats kunnen wij natuurlijk helemaal niet controleren of u wel echt bent wie u zegt dat u bent. Ik bedoel, willekeurig welke persoon kan de gebruikersnaam Geesmolen aanmaken. En we hebben de afgelopen jaren allemaal kennis gemaakt met het fenomeen 'internettrol'. Ik begrijp uit uw reactie dat u dit probleem onderkent en uw bereidheid om u te identificeren wijst erop dat u inderaad bent wie u zegt dat u bent. Maar los daarvan en wat eigenlijk belangrijkter is: we hebben twijfels over de vraag of personen die het onderwerp van een artikel zijn, wel zeggenschap moeten hebben over de inhoud (of het bestaan) van dat artikel. Het voorbeeld dat ik hierboven aanhaalde, was dat onze encyclopedie er raar zou komen uit te zien als Trump ons maande alle informatie over hem van onze site te verwijderen en wij daarin mee zouden gaan. Wij zijn een kleine Wikipedia, en hebben nog nooit een dergelijk verzoek gekregen. We zijn daarom te rade gegaan bij onze moederorganisatie Wikimedia met de vraag of zij richtlijnen hebben voor dit soort gevallen (zie bovenstaande link). We willen nu het antwoord op die vraag eerst even afwachten voordat we verdere actie ondernemen. Met vriendelijke groet, Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 aug 2018, 13.04 (CEST)[beäntwurdzje]
P.S.: Bovenstaande gaat om de tekst van het artikel. Wat betreft de afbeeldingen is het natuurlijk een heel ander verhaal, aangezien u (aangenomen dat u bent wie u zegt dat u bent) daar het auteursrecht op hebt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 aug 2018, 14.37 (CEST)[beäntwurdzje]

@Drewes: Hawwe jo ek in mailtsje krigen fan Geeske van de Molengraft? Want ik nammentlik wol. En ik woe it der even oer hawwe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 sep 2018, 21.59 (CEST)[beäntwurdzje]

@Ieneach fan 'e Esk: Ik haw de e-post fan frou Van de Molengraft lêzen. Ik haw efkes op jo reaksje wachte. Alfêst dit: it artikel moat dochs wol oanpast wurde kinne at it by de tiid brocht wurdt mei ynformaasje oer it feroare wurkpaad fan de keunstner? Moarn mear. Drewes (oerlis) 3 sep 2018, 22.32 (CEST)[beäntwurdzje]
@Drewes: Tankewol foar it wachtsjen. Ik hie juster oare dingen. Oer it oanpassen fan it artikel: dat liket my ek. Mar litte we begjinne by it begjin. Binne we it deroer iens dat dit Geeske van de Molengraft is? Want dan moatte yn elts gefal de ôfbyldings dy't no by it artikel steane, wiske wurde. Dêr't hat se om frege, en sy hat it auteursrjocht. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 sep 2018, 22.37 (CEST)[beäntwurdzje]

@Ieneach fan 'e Esk: It hear oersjoen hawwend tink ik wol dat wy te meitsjen hawwe mei de wiere Geeske van de Molengraft. Ynfo fan ús artikel, ynternet, har e-post en har nije webside komme oerien. Ik wit wol dat dat gjin 100% wissichheid oer har identiteit jout, mar ik woe har minstens it foardiel fan de twifel jaan en leau dat al te folle erchtinkendheid hjir net hoecht. Wat sizze jo? Drewes (oerlis) 4 sep 2018, 18.30 (CEST)[beäntwurdzje]

@Drewes: Ik slút my dêr fan herten by oan. Dan kinne we no yn elts gefal de âlde ôfbyldings by it artikel wiskje. Wat de rest oangiet: ik snap har bedoelings wol, mar om 'e hiele tekst fan it artikel no fuort te smiten om't sy dêr belang by hat, dat giet my eins wat te fier. Ik bedoel, as it no om pynlike en intins persoanlike ûnderwerpen gie, ik sis mar wat: as der sprake wie fan sykte of as se slachtoffer fan in misdriuw wie of sa, en dat wie op 'e iene of oare manier de reden dat se út 'e Wikipedy woe, dan lei it hiel oars, mar dêr giet it hjir hielendal net om. Dus myn foarkar giet sterk út nei wat se sels as alternative mooglikheid oandroech: it artikel opknappe en oanfolje mei har hjoeddeistige webside en eventueel ôfbyldings fan har wurk as se dy oanleverje wol. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 sep 2018, 18.44 (CEST)[beäntwurdzje]
@Drewes: Binne jo it dêrmei iens? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 sep 2018, 21.13 (CEST)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk: O ja. Ik bin it mei jo iens. Soene jo frou Van de Molengraft oanskriuwe wolle. Jo kinne it sa moai opsizze. Der is faaks in dûmny oan jo ferlern gien (mar ik bin bang dat ik jo preken frijwat langtriedderich fine soe). Drewes (oerlis) 4 sep 2018, 22.12 (CEST)[beäntwurdzje]
@Drewes: LOL. Ik haw in omke hân, dy't dûmny wie. Neffens it ferhaal fan ús mem sei pake, dy't gernier wie, tsjin him, doe't er de earste kear beroppen waard: "Moastst der goed om tinke, jonge, watst yn in kertier sizze kinst, dêr moatst gjin tweintich minuten foar útlûke." Mar dat even sydlings. Ik sil sjen oft ik it mei frou Van de Molengraft regelje kin. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 sep 2018, 22.23 (CEST)[beäntwurdzje]
@Drewes: Der is ek noch in antwurd kommen fan Wikimedia. Goed oardel moanne letter hie dat net mear hoegd, fansels, mar ik haw mar beleefd 'dankewol' sein. Wat dizze saak oangiet, is 't mostert nei 't miel en boppedat komt it der hiel koart sein op del dat we it sels mar witte moatte. Ik wit net oft jo der noch nijsgjirrich nei binne. Sa ja, sjoch: m:Ask a question/Recent questions#Deletion request by subject of article. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 okt 2018, 00.44 (CEST)[beäntwurdzje]