Springe nei ynhâld

Oerlis:Fiktoaria fan it Feriene Keninkryk

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

yn de kiste dochs twa sets fan herinneringen setten? Drewes 12 sep 2011, 18.30 (CEST)[beäntwurdzje]

Dat stiet ek op de Nederlânske side. --Geoffrey 12 sep 2011, 21.31 (CEST)[beäntwurdzje]

Victoriaanse tiidrek. Soe Fiktoariaansk tiidrek ek better wêze? Mei omdat ik dêroer yn koarten in stik skriuwe wol. Drewes 7 jan 2012, 17.51 (CET)[beäntwurdzje]

It komt fan de namme Victoria, dus in eigennamme dy't net perfoast in F wurde hoecht. Redirectsje? --Swarte Kees 7 jan 2012, 17.55 (CET)[beäntwurdzje]

Grut-Brittanje

[boarne bewurkje]

Ik soe graach de ynhâld fan dizze side ferpleatse wolle nei "Victoria fan Grut-Brittanje" (ik tink dat de minsken dêr earder op sykje as op Victoria fan it Feriene Keninkryk), en dan fan dizze side in redirect meitsje. Itselde jildt foar de side oer Elizabet II.

En Victoria mei fan my trouwens wol Fiktoaria wurde; keningsnammen wurde tradysjoneel wol degelik oanpast oan 'e betreffende taal (yn dit gefal dus Frysk). Dan is de diskusje oer Fiktoriaansk tiidrek vs. Victoriaansk tiidrek ek daliks besljochte. Ieneach fan 'e Esk (talk) 12 jan 2013, 12.26 (CET)[beäntwurdzje]

Hoecht om my net. Minsken sykje faaks faak op 'keninginne Viktoria' en komme sa telâne op 'V. fan it F.K.'. Wat de F/V-saak oanbelanget: fiel jo frij. Drewes (talk) 12 jan 2013, 13.05 (CET)[beäntwurdzje]
In drege kwestje. Haw krekt de oerlisside by it Fiktoriaanske/Viktoriaanske Tiidrek lêzen. Der is nochal wat dat nei har neamd is, in tiidrek, de V.wetterfallen, de steat Victoria/Fiktoaria yn Austraalje om mar wat te neamen. We soene it eins wol wat konsekwint hâlde moatte. Noch mar eefkes oer neitinke... Ieneach fan 'e Esk (talk) 12 jan 2013, 17.10 (CET)[beäntwurdzje]

It petear oer ferfryskjen fan eigennammen duorret al sa lang't de Wikipedy bestiet. Wat (Nederlânske) persoansnammen oanbelanget jildt yn't generaal dat der foar it ynfieren fan de Boargerlike Stân (yn 1811) ferfryske wurdt en dêrnei net mear. In goed prinsipe tinkt my. It ferfryskjen fan benei alle útlânske nammen noasket my net, mar it tilt der fan op. At wy dat oars hawwe wolle moatte tûzenen lemmas neisjoen wurde! Ik bin bang dat it pielen bliuwt. Drewes (talk) 12 jan 2013, 18.09 (CET)[beäntwurdzje]

Ik haw no dochs mar trochset. De measte keningsnammen wurde ferfryske (bgl. ek Willem II fan Dútslân, dy't yn it Nederlânsk Wilhelm II bliuwt), dus dan soe it apart wêze as Fiktoaria Victoria bliuwt. Temear ek om't we fan 'e Fiktoriaanske Tiid sprekke. No ja, dat is myn miening teminsten. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 maa 2017, 22.35 (CEST)