Springe nei ynhâld

Oerlis:Ferûntweardiging

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Ferantwurding

[boarne bewurkje]

Ik haw derfoar keazen om foar dizze side in hollanisme te brûken omdat ik fyn dat net ien fan 'e geef Fryske alternativen alhiel de lading dekt. Dêrby is it sa dat it wurd "ferûntweardiging" al teminsten 75 jier ynboargere is yn 'e Fryske sprektaal, want Ulbe van Houten brûkte it yn 1945 al. (Ik wie alris tsjin it probleem oanrûn om dit begryp yn it Frysk wer te jaan, en doe't ik in pear jier lyn Ein fan 'e Mars lies, foel my Van Houten syn gebrûk fan it wurd "ferûntweardige" op. Mei't de Fryske Akademy gjin goed alternatyf biedt, tocht ik by mysels: as it goed genôch is foar Ulbe van Houten, is it ek goed genôch foar my.) Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 jun 2020, 23.08 (CEST)[beäntwurdzje]

It Frollânske ferûntweardiging stiet ek yn de Foarkarswurdlist fan Taalweb Frysk. Drewes (oerlis) 3 jun 2020, 19.33 (CEST)[beäntwurdzje]
De staveringshifker fan de Akademy stroffelt ek net oer ferûntweardiging (mar wol oer ferûntwurdiging). Wutsje 3 jun 2020, 23.44 (CEST)[beäntwurdzje]
Hmmm. Ik woe eefkes folslein wêze, mar miskien moat dat dan mar fuort. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 jun 2020, 23.50 (CEST)[beäntwurdzje]