Springe nei ynhâld

Oerlis:De Trije Musketiers

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Ieneach fan 'e Esk: Goeie 1each. Soe de yllustrator fan Bruinsma syn oersetting Libico Maraia deselde persoan wêze kinne as Liberco Maraja? Drewes (oerlis) 2 nov 2020, 17.45 (CET)[beäntwurdzje]

@Drewes: Goejûn. Om 'e namme soene je hast sizze fan al. Ik haw dat boek ris by in antikariaat kocht, dat ik haw it nochris eefkes ynsjoen, mar der stiet echt "Libico Maraia", mei in i. Dat kin fansels ek in flater fan Bruinsma of de Afûk wêze. Je soene sizze, der kinne hast gjin twa yllustrators wêze mei sokke gelikense nammen. Ik haw Maraja ris googleë op ôfbydlings fan syn wurk, en wat ik dan sjoch is net deselde styl as de ôfbyldings dy't ik yn it boek foar my haw. Mar wa seit dat in yllustrator altyd yn deselde styl tekenje moat? Ik bin der dus net wis fan oft it deselde is, mar ik fermoedzje hast fan al. Ik bedoel, as it no in Giovanni Rossi wie, dan kin ik my foarstelle dat je sizze: hmm, dêr kinne wolris twa fan wêze dy't itselde berop hawwe. Mar fan Libico Maraja/Maraia? Liket my sterk. Ek al om't ik as ik op Maraia mei in i googleje inkeld trochwizings fyn nei Maraja mei in j. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 nov 2020, 22.32 (CET)[beäntwurdzje]