Oerlis:Daniel Sanabria
Appearance
@Ieneach fan 'e Esk: Binne jo Japan Football? Drewes (oerlis) 16 jun 2017, 22.26 (CEST)
- @Drewes: God nee, ik haat fuotbal. Hoe komme jo dêr by? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 jun 2017, 22.27 (CEST)
- Moast ik seker witte foar't ik Jousma de swipe oer de bealch jou.Drewes (oerlis) 16 jun 2017, 22.30 (CEST)
- @Drewes: Ik wit net krekt wêr't dit oer giet, mar wêrom soe ik in sokpop brûke om siden oan te meitsjen dy't ik sûnder ienich beswier ûnder myn gewoane meidochnamme oanmeitsje koe. En fan 'e moarn wiene hy en ik tagelyk oan 'e gong, dat it is fysyk ûnmooglik dat ik Japan Football bin. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 jun 2017, 22.43 (CEST)
- Moast ik seker witte foar't ik Jousma de swipe oer de bealch jou.Drewes (oerlis) 16 jun 2017, 22.30 (CEST)
@Ieneach fan 'e Esk: Lit it oan my oer. Jousma is oer jo oan't fûlbekjen op It Nijs. Drewes (oerlis) 16 jun 2017, 22.47 (CEST)
- @Drewes: Och hearken, dat wer. Even wat oars. No't ik dernei sjoch, docht bliken dat Japan Football op in soad Wikipedyen útsletten is. De Ingelske fertinkt him fan it brûken fan sokpoppen, sjoch hjirre, dêr't trochwiisd wurdt nei de side fan User:依頼人, hjirre, dy't derút set is fanwegen sokpoppekast. Op 'e Afrikaansktalige Wikipedy, en dit fyn ik in nijsgjirriger, is er derút set foar it oanmeitsjen fan hûnderten fuotbalstobben dy't neat mei Súd-Afrika/Namybje te krijen hawwe, sjoch hjirre (Hi Japan Football! You have been blocked on the Afrikaans wiki for creating hundreds of stubs on football-related articles with no importance or relationship to sport in South Africa (or Namibia) where Afrikaans is being read and spoken. It can be viewed as a means of spamming the Afrikaans wiki, a wikipedia where much more emphasis is placed on quality than quantity of articles created. You are welcome to return and contribute positively if you have more content to add to your Japanese football-articles.) Earlik sein bin ik ek wol klear mei him, want we komme ûnder de fuotbalstobben te sitten en ik wie ôfrûne snein de hiele dei, moandeitemiddei en hjoed wer de hiele dei oant teetyd ta kwyt oan it fatsoenearjen fan syn stobben. Wat fine jo, sille wy it foarbyld fan 'e Afrikaansktalige Wikipedy folgje? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 jun 2017, 22.55 (CEST)
- @PiefPafPier: En Pier, wat fine jo fan dizze saak (mei Japan Football)? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 jun 2017, 23.03 (CEST)
- Ja, it is wol moai west no. Faaks spam foar dy foutbalside? --PiefPafPier (oerlis) 16 jun 2017, 23.14 (CEST)
- @Drewes en PiefPafPier: Eins hie ik jo reäksje even ôfwachtsje moatten, Drewes, mar om foar te kommen dat we moarn wer tsjin in pear hûndert nije fuotbalstobben oansjogge, haw ik der mar even in boadskip tsjinoan smiten, sjoch Meidogger oerlis:Japan Football. Ik hoopje dat ik net foar myn beurt praat... Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 17 jun 2017, 00.57 (CEST)
- Ja, it is wol moai west no. Faaks spam foar dy foutbalside? --PiefPafPier (oerlis) 16 jun 2017, 23.14 (CEST)