Springe nei ynhâld

Oerlis:Damaskus

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Troch har lizzing, oan de râne fan in skrok gebiet, wurdt Damaskus nei alle gedachten yn ferbân brocht mei de Hof fan Eden. Net allinnich it ferhaal oer it Paradys, mar ek in protte oare foarfallen út de Bibel soenen yn en rûnom Damaskus plak hawwe fûn. Hjir deade Kaïn syn broer Abel, waard Abraham berne en fûnen Maria en Jozef in skûlplak. Ik bin o sa benijd nei de boarnen fan dizze bewearingen. Drewes (oerlis) 19 jan 2017, 17.02 (CET)[beäntwurdzje]

Goeie Drewes, mooglik is de tekst oarspronklik in oersetting fan de Nederlânsktalige wiki, want ik fûn deselde tekst yn it Nederlânsk yn dizze ferwizing nei de Nederlânsktalige wiki. De Nederlânsktalige wikipagina oer Damaskus hat dizze bewearings ferwidere. Wêr't de bewearings oarspronklik wei komme wit ik net, mar mooglik komt it begjin fan de tekst fan de side fan Lisa Beaart. De stêd Damaskus kin neffens my net yn ferbân brocht wurde mei it paradys, om't stêden yn dy tiid net bestiene, de minsken noch nomadysk wiene en it paradys yn Mesopotaamje lei. Dat Kaïn Abel hjir deaslein hat wol my ek net oan, ik leau net dat oer it plak eat bekind wêze kin, mar de ingelsktalige wiki oer Mount Qasioun wol ha dat guon midsiuwske Arabyske skriften skriuwe dat de earste misdied fan it minskdom by Damaskus bard is. It krekte plak fan de moard is tink ik in foarm fan islamitysk folksleauwen of yn alle gefallen in islamityske tradysje. Oer Jozef en Marije is net folle bekend, it wiene mar gewoane lju en âldere dan wol oare kontêmporêne boarnen as de bibel binne der neffens my net. Oft Jozef en Marije ea yn Damaskus west ha, ik soe it net sizze kinne. Hja moasten lykwols flechtsje nei Egypte en harren dêr skûlhâlde, net nei Damaskus. Yn dit artikel út de Telegraaf wurdt ferwiisd nei de Dominicus-reisgids. Mooglik is de oarspronklike boarne fan dit soarte bewearings in lokale ambysje om religieus toerisme te befoarderjen. Ik tink dat it hiele ferhaal oer Damaskus as skûlplak fan Jozef en Marije ûnsin is.--RomkeHoekstra (oerlis) 21 jan 2017, 11.30 (CET)[beäntwurdzje]
Goeie, it ferhaal fan Romke kloppet, destiids haw ik de ynformaasje streekrjocht oernaam fan de Nederlânske wikipedy --Geoffrey (oerlis) 22 jan 2017, 22.31 (CET)[beäntwurdzje]