Springe nei ynhâld

Oerlis:COVID-19

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Nammejouwing side

[boarne bewurkje]

In lytse taljochting op de namme fan de side. By it oanmeitsjen ha ik foar de namme COVID-19 keazen, yn it earste plak omdat dit de offisjele namme fan de sykte is. Yn it twadde plak om it ferskil tusken de sykte koroana/corona en "it" koroana/coronafirus dúdlik te hâlden. Yn it tredde plak omdat hoewol't de namme koroana/corona yn de folksmûle ynboargere is, koroana/coronafirussen yn wurklikheid in hiele kategory firussen binne (dus net allinne SARS-CoV-19). Je soene sykten fan in oar koroana/coronafirus likegoed koroana/corona neame kinne. Yn it lêste plak omdat ik oars kieze moast tusken koroana of corona, beide foarmen wurde yn it Frysk brûkt. De Fryske Akademy advisearret koroana, mar corona wurdt yn de praktyk faker brûkt. Kroanfirus is eins noch de bêste oersetting, mar gjin minsk dy't dat brûkt. Om diskusje te foarkommen en op itselde momint sa korrekt mooglik te bliuwen bliuwt COVID-19 oer. PDZ124169 (oerlis) 12 mai 2020, 21.38 (CEST)[beäntwurdzje]

Dat wy sizze dat de bêste namme Kroanfirus is, en at wy in oare namme brûke, dan is der gjin bettere oplossing. Dat, hoe ek hawwe wy ferlet fan synonymen. Wy hawwe no al mear as ien artikel trochdat wy net dy bêste namme hawwe. Dat ik stel út en smyt alles byelkoar op Kroanfirus, en meitsje alle oare artikels synonymen. Aliter (oerlis) 1 jan 2023, 20.52 (CET)[beäntwurdzje]

vari'ant'o'j de la COVID-19

[boarne bewurkje]

(Pardon'o je skrib'i tiu'n ĉi en Esperanto, mi ne kon'as la Frys'a'n. Se iu pov'as traduk'i ĝi'n por la ne'Esperanto'kon'ant'o'j, tio est'us tre ŝat'at'a.)

Ĉu vi sci'as se oni dev'as far'i artikol'o'n pri vari'ant'o'j de la COVID-19, bon'vol'u ? Mi ŝat'us ke est'u tia artikol'o por ĉiu'j en la mond'o...2A01:CB0C:38C:9F00:A8E0:2C18:D408:779C 13 feb 2021, 02.23 (CET)[beäntwurdzje]

Freget: "Witte jo as wy in artikel meitsje moatte oer farianten fan 'e COVID-19, asjebleaft? Ik woe dat der sa'n artikel wie foar elkenien yn 'e wrâld."
It ferkil tusken lêze kinne en witte wat er bedoeld. Ik gean hjir efkes fierder yn eo:, foar at er ea werom komt:
Mi tradukis ĝin. Sed kion precize vi volas, ke ni faru. Aliter (oerlis) 1 jan 2023, 20.42 (CET)[beäntwurdzje]