Springe nei ynhâld

Oerlis:Boedisme

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Sille wy der mar Bûda en Bûdisme fan meitsje? Drewes (talk) 1 okt 2013, 21.14 (CEST)[beäntwurdzje]

Prima --Geoffrey (talk) 1 okt 2013, 21.29 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw der persoanlik neat op tsjin, al wol ik jim der wol eefkes op wize dat it (blauwe) Frysk Hânwurdboek "boeddhisme" jout. No fyn ik net dat men altiten foar it wurdboek op 'e knibbels moat, en seker net as de wurkboekeskriuwers sa de regels oan harren lears laapje, want dy "h" heart dúdlik net yn in Frysk wurd thús. Mar it liek my wol relevante ynformaasje foar dizze diskusje. Sels tink ik dat "bûdisme" yndie de bêste foarm is. Ieneach fan 'e Esk (talk) 1 okt 2013, 22.14 (CEST)[beäntwurdzje]
Heare heite. --Drewes
Tsja, Drewes, ik moat sizze, it is my al wat yn 'e wei dat ik juster by it omneamen fan dizze side te wurk gien bin op in manear dy't miskien autoritêr oerkommen is. Sa hie ik dat fansels net bedoeld. Earlik sein wie it my alhiel fergetten dat we yn 2013 hjiroer oerlein hiene. Gjin wûnder, it is ek trije en in heal jier lyn. Ik kaam de side 'bûdisme' tsjin en ik tocht der fierder net by nei, mar haw him daliks mar even omneamd konform de regels fan 'e nije stavering, wêrfan't wy ôfpraat hawwe dat wy ús dêroan hâlde sille. Want sawol it Groene Boekje as it Van Dale Nederlands Woordenboek jouwe de foarm boeddhisme, en as it Nederlânsk oe staveret, moat it Frysk folgje, neffens de staveringsferoaring fan 2015. Sa't ik al op oare plakken oanjûn haw, fyn ik it sels fan de gekke dat we nei in frjemde taal sjen moatte om te witten hoe't wy it Frysk staverje moatte, mar dat hawwe wy oan 'e Fryske Akademy te tankjen. Dat sein hawwende, hie ik earst wol even op dizze oerlisside oanjaan kinnen wêrom't ik de side omneame woe. Sorry as myn aksje by jo argewaasje oproppen hat. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 mrt 2017, 15.23 (CET)[beäntwurdzje]