Oerlis:Boaiem (ierde)
Appearance
@Kneppelfreed: Us/jo 'ierdboaim' is keppele oan it Ingelske soil, it Dútske Boden (Bodenkunde) en it Frânske Sol (pédologie). Dat is dochs 'grûn' of 'boaim'? By ierdboaim tink ik yn't foarste plak oan 'ierdoerflak', de oerflakte fan 'e ierde as grûn dêr't minsken, bisten en planten op libje (omskriuwing op Taalweb Frysk. Drewes (oerlis) 11 mrt 2019, 18.56 (CET)
- @Drewes: Ik koe net hielendal gewaar wurde wat de krekte Fryske oersetting dêrfan wêze moast, want taalweb omskriuwt "ierdboaiem" sa't jo dat oanjûn hawwe. Ik ha "ierdboaiem" keazen, om't it de "boaiem fan de ierde" oanbelanget. It Limburchsk brûkt ek "aerdbaom". De (ierd)boaiem is it part fan de grûn/ierde, dêr't de woartels fan de gewaaksen/planten yn groeie. Us Wikipedy hat ek in side Grûn, dy't oan it Nederlânske "grond" keppele is. As jo perfoarst "boaiem" brûke wolle ynstee fan "ierdboaiem" is my dat ek wol bêst.Kneppelfreed (oerlis) 11 mrt 2019, 20.12 (CET)