Oarlochsmonumint It Hearrenfean
Appearance
Oarlochsmonumint It Hearrenfean is in monumint oan de Van Maasdijkstrjitte op It Hearrenfean.
It monumint waard oprjochte as neitins oan de sneuvelen yn de Twadde Wrâldoarloch en waard op 4 maaie 1949 ûnthuld.
Ikonografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It keunstwurk, ûntwurpen troch Marinus Vreugde, ferbyldet in frou dy't by in sneuvele fersetsstrider stiet, yn in poze flak foar it monumint wêrby't se de deade mei in tekken bedekke sil. Under it wapen fan It Hearrenfean stiet in tekst fan Fedde Schurer:
WY, STRIDEND TSJIN’ E TWANG
BIN FOAR DE FRIJDOM STOARN.
JIM, HOEDZJE FRIJDOM FJÛR,
EN HALD DE FAKKEL OAN.
Under boppesteande wurden steane nammen fan 27 persoanen.