O. Henry Award

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
O. Henry Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
útrikt foar koarte ferhalen
útrikt troch Society of Arts and Sciences
frekwinsje 1x jiers
1e útrikking 1918
offisjele webside
www.randomhouse.com/anchor/ohenry/

De O. Henry Award is in Amerikaanske literatuerpriis dy't elts jier útrikt wurdt oan 'e skriuwer fan in treflik Ingelsktalich koart ferhaal dat publisearre is yn 'e Feriene Steaten of Kanada. Dizze priis waard oarspronklik ynsteld troch de Society of Arts and Sciences, en foar it earst útrikt yn 1918, wêrmei't it ien fan 'e âldste literatuerprizen fan Noard-Amearika is. De O. Henry Award is ferneamd nei de Amerikaanske skriuwer O. Henry (pseudonym fan William Sydney Porter), en hat as doel om it koarte ferhaal as literêr sjenre te ûnderstypjen.

Winnende en nominearre ferhalen wurde troch de organisaasje fan 'e O. Henry Award yn bondele foarm útjûn as ûnderdiel fan 'e saneamde O. Henry Prize Stories-rige, dy't yn 2009 omneamd waard ta de PEN/O. Henry Prize Stories-kolleksje, nei't de organisaasje fan 'e priis in partnerskip oangien wie mei it PEN American Center. De O. Henry Award wurdt útrikt yn in earste, in twadde en in trêde priis. Sûnt 2003 kieze de trije sjueryleden elk in leaflingsferhaal út, en wurdt der gjin ûnderling ûnderskie yn rang mear makke. Under de skriuwers dy't de priis alris wûnen, binne William Faulkner (1939 en 1949), Truman Capote (1948), Woody Allen (1978), Saul Bellow (1980), Stephen King (1996) en Laura van den Berg (2014). Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.