Springe nei ynhâld

Kearnfúzje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nukleêre fúzje)
Skematyske werjefte fan kearnfúzje

Kearnfúzje is it gearranen fan de kearnen fan ferskate atomen, wêrby't in oare, swierdere kearn foarme wurdt. Wannear't atomen fan lichte eleminten lykas wetterstof gearrane, wurdt hjirby eat fan de massa omsetten yn enerzjy, yn it gefal fan wetterstof ûngefear 0,67%. It fusearjen fan swierdere atomen kostet krekt enerzjy. De oergong tusken 'licht' en 'swier' leit yn dizze kontekst by it elemint izer.

Foardat yn 1938 de Dútske fysikus Hans Bethe it idee oppenearre dat de sinne en de stjerren harren enerzjy opwekke troch kearnfúzje, wie it in riedsel wêr't alle enerzjy weikaam; alle yn dy tiid bekende gemyske reaksjes leveren dêrfoar fierstente te min op. De sinne set per sekonde ûngefear 700 miljoen ton wetterstof om yn sirka 695 miljoen ton helium. It ferskil yn de massa, om de 4,4 miljoen ton, is yn enerzjy omsetten, wêrby 't de ferneamde formule fan Albert Einstein, E = mc², jildt. Kearnfúzje is ek de enerzjyboarne fan in wetterstofbom, dy't folle kearen krêftiger blykte as de yn de jierren fjirtich ûntwikkele atoomsplitsingsbom.

Kearnfúzje is gjin keatlingreaksje; der komme gjin dieltsjes by frij dy't in nije fúzje feroarsaakje kinne. It proses kin allinnich oan de gong hâlden wurde ûnder ekstreem hege temperatuer en druk, sa't dy om it middelpunt fan in stjer hearskje. Kearnfúzje lit, krekt oarsom as kearnspljalting, net beslist radioaktive materialen efter as ôffal. Dêrom besykje wittenskippers kearnfúzje op ierde te ûntwikkeljen as skjinne en feilige enerzjyboarne. It fet dêr't de reaksje yn bart kin lykwols troch bestrieling wol radioaktyf wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: