Nuil

Ut Wikipedy
Nuil

Nuil (Drintsk: Nuul), is in buorskip yn de gemeente Hoogeveen (oant 1998 Ruinen) tusken Spier (noarden) en Pesse (suden) ten easten fan de rykswei A28 ( Grins - Utert ). De Nuilerbosk leit ten noarden en westen fan dizze buorskip. Súdeastlik derfan leit it heide- en stosângebiet Nuilerfjild en ten easten it lykneamde bungalowpark.

Boarnen neame van Nule (1390), ten Nuel (1504), Nuehl (1811-13), Nuil (1851-55) en Nuijl (1865). De betsjutting kin wêze: nije lo = nij bosk (op hege sângrûn).

Nuil hat sa'n 80 ynwenners ferparte oer sa'n 30 huzen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: