Springe nei ynhâld

Nouakchott

Ut Wikipedy
Nouakchott
Sintrum mei de Grutte Moskee
Sintrum mei de Grutte Moskee
Bestjoer
Lân Mauretaanje
Distrikt Nouakchott
Boargemaster Ahmed Hamza (2007-)
Sifers
Ynwennertal 894.403 (2013)
Oerflak 1000 km²
Befolkingsticht. 894/ km²
Oar
Koördinaten

Offisjele webside
[]
Utsjoch oer de stêd

Nouakchott (Arabysk: نواكشوط) is de haadstêd fan Mauretaanje en ek de fierwei grutste fan it lân. De stêd leit yn it westen oan de Atlantyske kust. De stêd is noch jong en hat mei dêrtroch suver gjin hege gebouwen. De stêd is ien fan de grutste yn de Sahara en it ekonomyske en bestjoerlike sintrum fan it lân.

Oant 1958 wie Nouakchott in fiskersdoarpke, mar neidat Mauretaanje ûnôfhinklik fan Frankryk waard, groeide it út ta in stêd, mei troch syn seehaven. Yn 1962 waard it de haadstêd fan it selsstannich Mauretaanje. Yn de jierren '70 eksplodearre it ynwennertal, meast troch de grutte drûchte yn de Sahel dy't de minsken nei de stêd twong.

Ekonomy en ynfrastruktuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd hat in haven dy't foaral foar ymport tsjinnet (96,4 %), mar der wurdt ek koper útfierd. Dêr binne diken nei Néma, Boutilimit en Kiffa en de stêd hat in ynternasjonaal fleanfjild, Nouakchott International Airport.

Nouakchott produsearret sâlt, sement, insektisides, kleden, tapiten en ambachtsprodukten.[1] Der binne goed 30 lytse of middelgrutte fabriken yn de stêd. Oerheid en finansjele ûndernimmingen binne ek fan belang. Fleanmaatskippij Mauritania Airways hat syn haadkertier yn de stêd.

Alhoewol't de grûn ûnder de stêd in mânsk reservoir swiet wetter hat, it saneamde Trarza-mar, is der dochs fask-wetter krapte, in gefolch fan de grutte groei fan de stêd.[2] Yngenieurs hawwe al warskôge dat it wetter op wêze kin yn 2054; de foarried wurdt nammentlik net oanfold mei reinwetter. Benammen yn de drûge bûtenwiken fan de stêd, dêr't de measte minsken wenje, kin dat mei de tiid swierrichheden jaan.

No is it al sa dat in protte minsken wetter keapje moatte en dat is djoer yn ferhâlding ta it trochsneed fertsjinst yn de stêd.

De Universiteit fan Nouakchott,[3] is de iennichste universiteit yn Mauretaanje, iepene de doarren yn 1981, en hat likernôch 8000 studinten. Oare ynstellings foar heger ûnderwiis binne ûnder oaren de Nasjonale Skoalle foar Administraasje en it Nasjonaal Ynstitút foar Fuorstset Islamityske Stúdzjes. Der binne fierders in protte legere en middelbere skoallen en in American International School of Nouakchott.

Merken yn Nouakchott

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nouakchott. Hutchinson encyclopedia. Sjoen 25 augustus 2009.
  2. Desert capital struggles with water crisis. Medilinks. 2004. Sjoen 25 augustus 2009.
  3. Hiem. Université de Nouakchott.

Keppelings om utens