Springe nei ynhâld

Notaris

Ut Wikipedy

In notaris (fan it latynske notarius, "skriuwer") is in iepenbier skriuwer fan private oarkundes. It amt komt út de âldheid, kaam yn de lette Midsiuwen fia Súd-Frankryk nei it noarden ta en komt dan mei it Romeinske Rjocht yn de 15e iuw nei Fryslân ta en wurdt dan beöefene troch inkele 'keizers-orkenen' (tsjûgen). Yn de Saksyske tiid (1505) komt de namme Notaris op.

De Keizerlike Ordonnânsje fan 7 oktober 1531 kêst 4 (Chtb. II, 594) en 4 oktober 1540 (Chtb. II, 798) en de Lâns Ordonnânsje fan 1602 regelje it amt. Yn 1540 foarskreaun protokol (register fan passearde stikken) dêr't gjin depot foar bestie, rekke yn ûnbrûk en wie nei 1723 net mear ferplichte. Bewarre is ien diel fan Claes Cleutingh út Ljouwert út 1554 - 1571. Yn de 18e iuw konkurrinsje fan bygelyks prokkereurs, doarpsrjochters. Sûnt 1809 is it amt lanlik by de wet regele. It protokol befettet no de oarspronklike stikken (minuten), it repertoire de ynhâld dêrfan en fan de net minutisearre brefetakten.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: