Springe nei ynhâld

Norbertinen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Norbertynske)
Norbert fan Gennep

De norbertinen, premonstratinzers of wythearen binne in kleasteroarder: de Ordo Canonici Regularis Praemonstratensis (Latyn, Oarder fan reguliere kanunniken fan Prémontré). De nonnen fan 'e oarder wurde norbertinessen of premonstratinzeressen neamd.

De oarder fan de Norbertinen is yn 1121 stifte troch Norbert fan Gennep yn het Frânske Prémontré. Norbert wie in kunde fan Bernardus fan Fontaines, en woe in oarder fan kanunniken nei it foarbyld fan de Bernardinen, mar dan, om't it kanunniken wienen, nei de regel fan Augustinus.

De Norbertiners binne gjin muontsen. Se binne geastliken dy’t byinoar wenje, om mei-inoar it koargebed dwaan te kinnen. Se hoege harren besit ek net oan it kleaster ôf te stean. Dit makke it foar de Fryske eallju maklik om yn ‘t kleaster te gean. It famyljebesit bleau sa yn stân. Wol moast der in soarte fan yntreejild, meastentiids grûn, betelle wurde.

De kannuniken hienen wite pijen, en om't hja, oars as muntsen, sels ûnder de minsken kamen, krige de oarder ek de namme fan Wythearen. De norbertiners dienen in protte oan fetweiderij. Yn de partijtiid waard sa de partij yn Fryslân dy anneks wie mei de Norbertinen de "Fetkeapers".

De Fryske Norbertynske kleasters binne stifte fan Steinfeld út.