Noordermolen (Noardbroek)
Noardermûne | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
plak | Noardbroek | |
adres | Hamrik 2 | |
koördinaten | 53°12'N 6°54'E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | poldermûne | |
flecht | 22,80 m | |
boujier | 1805 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Mûnestifting Midden en East-Grinslân | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 31623 [1] | |
Webside | ||
www.msmog.nl | ||
Kaart | ||
De Noardermûne (offisjeel: Noordermolen) is in poldermûne yn 'e buorskip Noardbroeksterhamrik, eastlik fan it Grinslânske Noardbroek.
De Noardermûne waard yn 1805 boud en is ien fan 'e âldste poldermûnen fan 'e provinsje Grinslân. De mûne rekke yn 'e jierren 1950 bûten bedriuw en yn hannen fan in partikulier. Dy man, Simon Graafhuis, liet de mûne yn 1963 restaurearje. De mûne rekke lykwols stadichoan dochs wer yn it neigean en in ruïne bleau oer.
De nije eigner 'Mûnestifting Aldamt' liet de mûne yn 2004 opknappe. Oarspronklik hie de mûne selsswichting, mar de wjukken krigen doe Ald-Hollânsk hekwurk. Sûnt draait de mûne mei help fan in frijwillige mûnder alle wiken. De mûne is tsjintwurdich ien fan 'e mûnen fan de 'Mûnestifting Midden en East-Grinslân'.
De Noardermûne is in houten achtkant op stiennen fjildmuorren. It houten achtkant is beklaaid mei daklear en de flecht fan de wjukken is 22,80 meter.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Molendatabase (oersjoch technyske ynformaasje oer de mûne)
- (ned) Allemolens.nl (ôfbylden)
- (ned) Grinslânske Mûnen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|