Noordenbos & Ko

Ut Wikipedy

Noordenbos & Ko is in kabaretselskip út it noarden fan Fryslân. It bestiet yn 2010 út Janneke Themmen-Westra, Aline van der Weij-Struiksma, Renie Zuiderveld, pianist Pieter Jelle de Haan en Klaske Noordenbos fan Ferwert.

It selskip begûn yn 1979 op it sechtichjierrich bestean fan de feriening fan Plattelânsfroulju yn Ferwerderadiel. Klaske Kingma, trou-amtner fan Ferwerteradiel oant 2009, skreau doe mei Germ Koldijk de teksten. Doe't dat goed slagge kamen der tsien koarleden by en de mem fan Klaske, Anna Noordenbos-Algera (pianobegelieding). Al gau folgen optredens foar de Fryske Kriten om Utens. Nei it twadde program wie der in soad wikseling binnen de ploech en ûntstie de namme Noordenbos & Ko (Ko stiet foar Koldijk). Der kaam doe in kompilaasje ûnder de titel De groetnis út Ferwerderadiel. Yn de wikseljende gearstallings spilen ek Klaske har dochters Anneminke en Else en Anneke har dochter Aafke mei. Nei it ferstjerren fan Anneke Noordenbos folge Renie Zuiderveld har op.

De ploech spilet ûnderwerpen wêryn nearne tsjinoan skopt wurdt, maatskippijkrityske stikjes spylje se net. In fleurige jûn mei ferdivedaasje stiet foarop by Noordenbos & Ko.

Programma's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Tusken Bêd en Brochje (1979)
  • Fan kowejaar nei kaviaar (1983)
  • Groetnis út Ferwerderadiel
  • Nijsgjirrich
  • Hege noat
  • Dûbel-sinnich
  • Kleur Bekenne (2010)

boarne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]