Non-teïsme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Non-teïstyske religyen)

Non-teïsme is in foarm fan religieus sawol as net-religieus tinken, dy't karakterisearre wurdt troch in ôfwêzigens fan it leauwen yn goaden of yn ien inkele God. Dy 'ôfwêzichheid' kin de foarm oannimme fan in apaty (ûnferskillichheid) foar it bestean fan godheden oer (apateïsme), wêrby't men it fanút de religieuze lear dy't men folget of fanút jins eigen tinkwrâld yrrelevant achtsje oft sokke wêzens besteane of net. It kin lykwols ek gean om it ôfkarren fan it leauwen yn godheden (skeptisisme) of krekt it leauwen dat der wol 'eat' wêze moat dat men lykwols ûnbeneamber achtet (eatisme).

De bekendste non-teïstyske religyen binne it boedisme en it konfusianisme. In part fan it hindoeïsme kin ek as non-teïstysk oantsjut wurde. Yn dy religyen wurdt it leauwen yn goaden dan wol net sasear ôfwiisd, mar it wurdt ek perfoarst net oanmoedige. Boedisten, bygelyks, beskôgje it leauwen yn goaden (of God) as in needsaaklik en ûnskealik stadium yn 'e geastlike ûntjouwing fan 'e minske, mar net as eat dat bydraacht oan 'e ferlossing fan 'e reynkarnaasjesyklus (saṃsāra).

Non-teïsme is wat oars as ateïsme, dat de strange ôfwizing is fan elts leauwe yn it bestean fan goaden. Yn tsjinstelling dêrta seit it non-teïsme yn prinsipe neat oer it al of net bestean fan goaden. De term 'non-teïsme' kin dêrom as in oerkoepeljende term beskôge wurde foar libbensbeskôglike filosofyen as agnostisisme, ignostisisme, eatisme, skeptisisme, panteïsme, reklike foarmen fan ateïsme en apateïsme. It wichtichste ynterne ûnderskie binnen it non-teïsme is tusken filosofyen dy't it bestean fan goaden ûnwis achtsje en filosofyen dy't elts neamen fan goaden fan nul en gjinderlei betsjutting fine foar wêr't it om draait yn it libben.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bertholet, A., en Campenhausen, H. Freiherr von, Van Goor’s Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten, De Haach, 1970
  • Bowker, J., Een Wereld van Religies, Kampen, 1999
  • Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962
  • Eliade, M., en Couliao, I.P., Wereldreligies in Kaart Gebracht, Utert, 1992
  • Langley, M., Wereldgodsdiensten, Kampen, 1996.
  • Smith, H., De Religies van de Wereld, Utert, 1999.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.