Springe nei ynhâld

Nojoud Ali

Ut Wikipedy
Nojoud Ali
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nuǧūd ’Alī (نوجود ألي)
nasjonaliteit Jemenitysk
berne 1998
berteplak ? (Jemen)
etnisiteit Jemenitysk-Arabysk
wurkpaad
aktyf as frouljusrjochte-aktiviste
jierren aktyf 2008 – no
reden
  bekendheid
stapte mei 10 jier sels nei de
   rjochter ta om in skieding oan
   te freegjen
bekendste
  wurk(en)
Ik Was Negen Toen Ik
   Moest Trouwen

Nojoud Ali of Nujood Ali of Najud Ali (Arabysk: نوجود ألي; sekuerder transliterearre as Nuǧūd ’Alī, berne yn 1998) is in Jemenityske aktiviste foar frouljusrjochten en tsjin bernehouliken, dy't 2008 bekendheid krige doe't hja nei tige jong úthylke te wêzen, útnaaide en op eigen manneboet by de rjochtbank in skieding oanfrege.

Nojoud Ali wie njoggen jier doe't har âldelju om 1 febrewaris 2008 hinne in houlik foar har beävensearren mei Faez Ali Thamer, in man fan yn 'e tritich. Nei de brulloft waard se geregeldwei slein troch har skoanfamylje en ferkrêfte troch har man. Op 2 april 2008 gie hja út te boadskipjen om bôle, mar besleat ynstee om nei de rjochtbank te gean en in skieding oan te freegjen, eat dat har heite twadde frou har oanret hie. Nei't se in heale dei yn it gerjochtsgebou sitten hie te wachtsjen, murk ien fan 'e rjochters dêre, Muhammed al-Ghadha, har op. Doe't er har ferhaal oanheard hie, besleat er har op eigen manneboet tydlik asyl te jaan. Boppedat liet er har man en heit oppakke.[1]

De abbekate Shada Nasser, in foaroansteande Jemenityske feministe en minskerjochte-aktiviste, stimde deryn ta om Ali har saak oan te nimmen. Mei't de Jemenityske wet gjin minimumâldens befettet foar famkes om te trouwen, mar it wol ferbiedt om mei harren te sliepen oant in net neier omskreaune tiid dat se "geskikt binne om seksuële mienskip mei te hawwen", wie it Nasser har strategy om te bewearen dat Nojoud har houlik ûnwetlik wie om't se ferkrêfte wie.[2] Ali wegere it útstel fan 'e rjochter yn omtinken te nimmen, om nei in ynterfal fan trije oant fiif jier fannijs by har man yn te lûken.[3] Op 15 april 2008 stie de rjochtbank har in skieding ta[4], wêrmei't brutsen waard mei de Jemenityske stammetradysjes.[5][6]

Nei de rjochtsaak

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de rjochtsaak loek Ali wer by har âldelju yn, yn in foarstêd fan 'e Jemenityske haadstêd Sana'a. Yn it neijier fan 2008 gie hja wer nei skoalle. Se hat oanjûn dat it har doel is om abbekate te wurden.[7] Mei de Frânske auteur Delphine Minoui skreau Nojoud Ali yn 2009 in boek oer har ûnderfinings ûnder de titel Moi Nojoud, 10 ans, divorcée ("Ik bin Nojoud, 10 jier, skieden"), dat publisearre waard troch de Paryske útjouwer Éditions Michel Lafon. Itselde jiers ferskynde bij útjouwerij Arena in Nederlânske oersetting, titele Ik Was Negen Toen Ik Moest Trouwen (ISBN 978-9 08 99 00 845); in Ingelske fertaling (I am Nujood, Age 10 and Divorced) kaam út yn 2010. It wie de bedoeling dat de royaltys fan 'e ynternasjonale ferkeap fan it boek betelje soene foar har ûnderwiis; lykwols gie se net regelmjittich nei skoalle.[8]

Yn novimber 2009 waarden Ali en har abbekate Shada Nasser troch it Amerikaanske frouljusblêd Glamour oanwiisd as "Froulju fan it Jier".[9][10] Fanwegen alle negative berjochten oer Jemen dy't har saak yn 'e wrâldparse oproppen hie, waard yn maart 2009 Ali har paspoart ynnommen, sadat se net oanwêzich wêze koe by de útrikking fan 'e Wrâldfrouljuspriis yn Wenen.[11]

Yn 2009 ferskynden der ek artikels en reportaazjes wêryn't twifel útsprutsen waard oer de fraach oft de opbringsten fan har boek Ali en har famylje wol te goede kamen.[12] Yn 2010 waard der lykwols ferslach fan dien dat Ali en har famylje no yn in nij hûs wenje, dat se kocht hiene mei de help fan har Frânske útjouwer. Har heit runt op 'e grûnferdjipping in krudenierswinkel en Ali en har jongere suske geane foltiids nei skoalle.[13]

Ali har saak foarmet in boarne fan ynspiraasje foar de ynspannings om oare bernehouliken neatich ferklearre te krijen, lykas dat fan in achtjierrich Saûdysk famke, dat yn 2009 in skieding tastien waard nei't har heit har yn ruil foar likernôch $13.000 twongen hie te trouwen mei in man fan fyftich.[14][15][16][17]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Loving, James, Video Beat Part 4 - CNN Exploits little girl (www.nationalradio.com).
  2. Power, Carla, Nujood Ali & Shada Nasser win "Women of the Year Fund 2008 Glamour Award" (www.yementimes.com).
  3. Power, Carla, Nujood Ali & Shada Nasser win "Women of the Year Fund 2008 Glamour Award" (www.yementimes.com).
  4. Ali, Nojoud, en Minoui, Delphine, Ik was negen toen ik moest trouwen.
  5. Daragahi, Borzou, Yemeni bride, 10, says I won't (articles.latimes.com).
  6. Walt, Vivienne, A 10-Year-Old Divorcée Takes Paris (www.time.com).
  7. Mullins, K.J., Child bride Nujood Ali's life after the divorce (www.digitaljournal.com).
  8. Hersh, Joshua, A Ten-Year-Old's Divorce Lawyer (www.newyorker.com).
  9. Walt, Vivienne, A 10-Year-Old Divorcée Takes Paris (www.time.com).
  10. Power, Carla, Nujood Ali & Shada Nasser win "Women of the Year Fund 2008 Glamour Award" (www.yementimes.com).
  11. Bobi, Emil, Kleine große Frau: profil besuchte die zehnjährige Jemenitin Nojoud Ali in Sanaa (www.profil.at).
  12. Bobi, Emil, Kleine große Frau: profil besuchte die zehnjährige Jemenitin Nojoud Ali in Sanaa (www.profil.at).
  13. Hersh, Joshua, A Ten-Year-Old's Divorce Lawyer (www.newyorker.com).
  14. Kristof, Nicholas, Divorced Before Puberty (www.nytimes.com).
  15. 8-year-old Saudi girl divorces 50-year-old husband (www.usatoday.com).
  16. Saudi child "files for divorce" (news.bbc.co.uk).
  17. Young Saudi girl's marriage ended (news.bbc.co.uk).

Boarnen