Noardwâlde-Súd
Noardwâlde-Súd is in buorskip yn de gemeente Weststellingwerf. Noarwâlde-Súd leit sawat twa kilometer besuden Noardwâlde. De kearn, mei ± 900 ynwenners en 300 wenningen hat in sletten lintbebouwing, it bûtengebiet hat in ferspriede bebouwing fan wenhuzen en pleatsen. Noardwolde-Súd leit foar it grutste part mids de bosken dy't fan Stienwyk oant Appelskea rinne. It rekreaasjegebiet Spoekedaam mei de Spoekeplas leit op rinôfstân.
Noardwâlde-Súd wie oarspronklik in gebiet fan heidefjilden, feanige leechtes en fersprate beamgroepen. Op party plakken yn de ûndergrûn is fean foarme. Dat fean waard brûkt as branje om iten te sieden en om waarm te bliuwen. It lânskip feroare yngreven troch de feanterij. Letter, yn de 19e iuw kamen de earste bewenners nei Noardwâlde-Súd.