Springe nei ynhâld

Nishnawbe Aski Naasje

Ut Wikipedy
Nishnawbe Aski Naasje
Ingelsk Nishnawbe Aski Nation
lânseigen ᐊᓂᔑᓇᐯ ᐊᔅᑭ ᐃᔥᑯᓂᐊᓇᓐ ᐅᑭᒪᐎᓐ
(Anishinaabe-aski Ishkoniganan
   Ogimaawin
)
flagge
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Ontario
haadkertier Thunder Bay (Ontario)
etnisiteit Odjibwe, Kry en Odji-Kry
ledetal 45.000 (2011)
oprjochting 1973
status erkend
erkenning Kanada
offisjele webside
www.nan.on.ca

De Nishnawbe Aski Naasje (Ingelsk: Nishnawbe Aski Nation; Odjibwe, Kry en Odji-Kry: ᐊᓂᔑᓇᐯ ᐊᔅᑭ ᐃᔥᑯᓂᐊᓇᓐ ᐅᑭᒪᐎᓐ, Anishinaabe-aski Ishkoniganan Ogimaawin), yn 'e regel ôfkoarte ta NAN, is in politike organisaasje dêr't 49 Yndiaanske stamme-organisaasjes út it noarden fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario by oansletten binne. De NAN ûntstie yn 1981. It haadkertier fan 'e organisaasje is fêstige yn 'e stêd Thunder Bay.

De Nishnawbe Aski Naasje komt fuort út 'e Grutte Ried fan it Ferdrach Nû. 9 (Grand Council of Treaty 9), dy't yn febrewaris 1973 oprjochte waard. Dy organisaasje wie ferneamd nei it Ferdrach Nû. 9 út 1905, ien fan 'e regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de ûnderskate Yndiaanske folken en de Kanadeeske autoriteiten. Nei't it Kanadeeske regear op grûn fan 'e befinings fan 'e Kommisje-Hart, út 1978, reparaasjebetellings makke hie foar grûngebiet dat de Yndianen yn it ferline yllegaal ôfnommen wie, waard de Grutte Ried yn 1981 reorganisearre as de Nishnawbe Aski Naasje. Yn maart 1984 waard it earste bestjoer fan 'e NAN keazen en hold de Grutte Ried fan it Ferdrach Nû. 9 op te bestean.

Der binne by de Nishnawbe Aski Naasje 49 stamme-organisaasjes (dy't yn Kanada first nations, "earste naasjes", neamd wurde). Dêrmei beslacht de NAN it hiele noarden fan 'e provinsje Ontario en fertsjintwurdiget de organisaasje sa'n 45.000 Yndianen. Dy hearre ta de etnyske groepen fan 'e Odjibwe (Ojibwe of Chippewa), Kry (Cree) en Odji-Kry (Oji-Cree). De lidstammen binne foar it meastepart ferdield oer sân lytsere, regionale gearwurkingsferbannen.

It haadkertier fan 'e Nishnawbe Aski Naasje is fêstige yn 'e stêd Thunder Bay, oan 'e noardlike igge fan 'e Boppemar. It doel fan 'e organisaasje is om 'e sosjale en ekonomyske winsken fan 'e lidstammen te fasilitearjen en de lidstammen te fertsjintwurdigjen foar alle nivo's fan 'e Kanadeeske oerheid oer. Dêrta hat de NAN progamma's en tsjinsten op alderlei mêd ûntjûn, lykas in mienskiplike plysje (de Nishnawbe-Aski Plysjetsjinst) dy't ferantwurdlik is foar de wetshanthavening yn 'e reservaten fan 'e lidstammen; in mienskiplike organisaasje op it mêd fan 'e sûnenssoarch; mienskiplike frouljus- en jongereinorganisaasjes; en in mienskiplik skoalleprojekt. Yn 2015 wie it grut-opperhaad fan 'e Nishnawbe Aski Naasje Harvey Yesno fan 'e Eabametoong Earste Naasje.

Ferbûne stammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.