Springe nei ynhâld

Nikolaj Leontjewitsj Benois

Ut Wikipedy
Nikolaj Leontjewitsj Benois
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Russysk
berne 1 july 1813
berteplak Sint Petersburch
stoarn 11 desimber 1898 (85 jier)
stjerplak Sint Petersburch
wurkpaad
berop/amt Arsjitekt
prizen Grutte gouden medalje fan de keizerlike keunstakademy

Nikolaj Leontjewitsj Benois, Russysk: Никола́й Лео́нтьевич Бенуа́, ek Nicolas Benois (Sint Petersburch, A.S. 1 july 1813 - dêre, [A.S] 11 desimber 1898) wie in Russyske arsjitekt dy't yn Peterhof en oare bûtenwiken fan St. Petersburch wurke.

Benois waard yn Ruslân berne as dochter fan Anna Katarina (Groppe), dy't fan Dútsk komôf wie, en in Frânske heit, Louis Jules Benois (út Brie, Saint-Ouen-sur-Morin). Hy studearre oan de Keizerlike Keunstakademy fan 1827 oant 1836. Acht jier letter waard er oansteld as hofarsjitekt fan Nikolaas I fan Ruslân en hold er tafersjoch op ferskate projekten yn 'e stêd Peterhof, benammen de keizerlike haadstallen (1847-1852). Hy foel yn it 19e-iuwske Ruslân op troch syn foarkar foar de neogoatyske styl fan arsjitektuer en dekoraasje.

Benois ûntwurp inkelde fan de earste treinstasjons yn Ruslân, benammen yn Strelna, Tsarskoje Selo en Nij Peterhof; dy lêste wurdt as syn masterwurk beskôge. Letter yn syn karriêre wurke er ek yn de Kaukasus, dêr't er it Simmerpaleis fan de Underkening yn Likani, Georgië ûntwurp. Hy ûntwurp ek it gebou fan it Sweedske teäter yn Helsinki (Nya Teatern, 1866).

Benois waard beïerdige yn St. Petersburch op it begraafplak Volkovo.

Hy boaske oan Camilla, dochter fan arsjitekt Alberto Cavos dy't it Mariinsky Teäter ûntwurp. It pear krige fjouwer soannen. Fan harren spesjalisearre Alexander Benois him yn dekorûntwerp, Albert Benois wie skilder en Leon Benois waard in foaroansteand arsjitekt. Syn dochter troude mei de byldhouwer Eugeny Aleksandrovitsj Lanceray, en út dat houlik kamen de keunstners Zinaida Serebriakova en Eugene Lanceray fuort. De akteur Peter Ustinov wie in oerpakesizzer.

Kar út syn wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: