Nikolaaskatedraal (Nizjni Novgorod)
Nikolaas de Wûnderdoggerkatedraal
Собор Николая Чудотворца | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
plak | Nizjni Novgorod | |
koördinaten | 56° 15' NB, 43° 52' EL | |
Tsjerklike gegevens | ||
eparchy | Nizjni Novogorod | |
patroanhillige | Nikolaas fan Myra | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Aleksei Vladimirovitsj Antsiferov | |
boujier | 1999 | |
Webside | ||
Hiemside katedraal | ||
Kaart | ||
De Katedraal fan 'e hillige Nikolaas de Wûnderdogger (Russysk: Собор Николая Чудотворца; Sobor Nikolaja Tsjûdotvortsa) is in russysk-otterdokse katedraal yn Nizjni Novgorod. Nei de Aleksander Nevskikatedraal is it de grutste tsjerke fan 'e stêd.
De katedraal falt ûnder de eparchy Nizjni Novgorod en stiet oan 'e Ulitsa Dijakonova.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e iere jierren 1990 ûntstie ûnder in groep otterdoksen it plan om in tsjerke te bouwen yn it sintrum fan it Avtozavodski-rajon. In pear jier letter waard de parochy stifte en in provisoaryske tsjerke ynrjochte yn in beukerskoalle. Yn 1998 waard in houten tsjerke boud, dy't oan 'e hillige Tatjana wijd waard.
De earste stien foar de katedraal waard yn 1999 lein. Fanwegen jildbrek moasten de bouaktiviteiten foar in skoft dellein wurde ,mar sûnt 2006 waard de bou fan 'e tsjerke wer oppakt. Sûnt 2010 waard der wurke foar in nije ikonostaze, dy't troch itselde atelier boud waard as de ikonostaze fan 'e nije Opstanningskatedraal yn Dzerzjinsk.
Yn 'e noch net alhiel foltôge tsjerke waard foar it earst yn 2011 in tsjinst holden. De klokken waarden yn septimber fan it jier 2012 konsekrearre troch metropolyt Georgi. Mar it wurk gie noch troch en oan de dekoraasje fan it ynterieur moast noch langer wurke wurde.
Njonken de fiifkoepelige katedraal bestiet it kompleks út de Tatjanatsjerke, in kapel en in klokketoer. Op 'e earste ferdjipping fan 'e tsjerke is in romte foar gearkomsten, in sneinsskoalle, in bibleteek en de sakristy. De boppeferdjipping hat plak foar 3.000 minsken.
Sûnt 2010 hat de tsjerke ek in sintrum foar help oan alkohol- en drugsferslaafden iepene.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Никольский собор (Нижний Новгород)
|