Nikolaas II fan Ruslân
Nikolaas II Aleksandrovitsj (Russysk: Николай II Александрович, Nikolaj II Aleksandrovitsj) (Tsarskoje Selo, 18 maaie 1868 – Jekaterineburch, 17 july 1918) wie de lêste tsaar fan Keizerryk Ruslân, grutfoarst fan Finlân en titulêr kening fan Poalen.
Nicholas II syn regear duorre fan 1894 oant syn abdikaasje op 2 maart 1917.[1] Under syn bewâld belibbe de grutmacht Tsaristysk-Ruslân in ekonomyske en militêre delfal. Hy krige de bynamme Bluodderige Nikolaas fanwege de Kodynka trageedzje, Bluodderige snein, de antysemityske pogroms, de eksekúsje fan politike tsjinstanners en syn grutskalige militêre kampanjes.
Under syn regear waard Ruslân ferslein yn de Russysk-Japanske Kriich, mei in benei folsleine ferneatiging fan de Russyske float yn de Slach fan Tsusjima. Nikolaas stimde yn mei de mobilisaasje fan augustus 1914, wat it begjin fan de belutsenens fan Ruslân yn de Earste Wrâldkriich betsjutte, in oarloch dêr't 3.3 miljoen Russen it libben by ferlieze soene.[2] De earnstige ferliezen fan it Russysk tsaristyke leger, Nikolaas syn inkompetinte hanneljen yn de kriich en yn oare politike saken ûnder syn bewâld, wurde faak neamd as de haadoarsaken fan de fal fan de Romanovdynasty.
Nikolaas II syn abdikaasje folge nei de Febrewarisrevolúsje fan 1917. Hy waard mei syn famylje yn it earstoan fêstset yn it Aleksanderpaleis yn Tsarskoje Selo, letter yn it gûverneusrhûs yn Tobolsk it lêst yn it Ipatjevhûs yn Jekaterinenboarch. Nikolaas II, syn wiif, soan, syn fjouwer dochters, de dokter fan de húshâlding, de tsjinstfeint fan de tsaar, de tsjinstfaam fan de tsarina en de kok waarden yn ien en deselde keamer fermoarde troch de Bolsjewiken yn de nacht fan 16 op 17 july 1918. Dat barren hat laat ta de kanonisaasje fan Nikolaas II, syn frou Aleksandra en harren bern as martelders by ferskate groepen dy't oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke ferbûn wienen, yn Ruslân en dêr bûten.
Húshâlding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nikolaas troude 1894 mei de Dútske prinsesse Alix fan Hessen-Darmstadt, dy't nei har houlik de namme Alexandra Fjodorovna oannaam. Ut it houlik kamen fiif bern fuort:
Ofbyld | Namme | Berne | Stoarn | Bysûnderheden |
---|---|---|---|---|
Grutfoarstinne Olga | 15 novimber 1895 | 17 july 1918 | Wie in skoft houliksgadingmakker foar Carol fan Roemenië. | |
Grutfoarstinne Tatjana | 29 maaie 1897 | 17 july 1918 | De favoryt fan har âlden. | |
Grutfoarstinne Maria | 14 juny 1899 | 17 july 1918 | Wie in skoft yn byld as houlikskandidaat foar prins Louis Mountbatten. | |
Grutfoarstinne Anastasia | 5 juny 1901 | 17 july 1918 | Faaks it meast ferneamde bern fan Nikolaas en Aleksandra. | |
Grutfoarst Aleksej | 12 augustus 1904 | 17 july 1918 | Troanopfolger. |
De ienige soan fan Nikolaas en Aleksandra, troanopfolger Aleksej, hie lykas syn omke Frederik te lijen fan hemofily, in erflike bloedsykte dy't net better koe. Dêrom helle de famylje de muonts en sinistere Grigori Raspoetin, dy't wûnders dwaan kinne soe, yn 'e hûs. Hy soe rillegau in grutte ynfloed krije, fral op de tsarina. Dat joech in protte ferset by de ealju en Raspoetin waard sa yn desimber 1916 deadien troch in tal Russyske eallju.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Tsaar fan Ruslân
- Grutfoarst fan Finlân
- Persoan dy't in moardoanslach oerlibbe hat
- Persoan dy't stânrjochtlik eksekutearre is
- Russysk misdieslachtoffer
- Russysk hillige
- Eastersk-otterdoks hillige
- Eastersk-katolyk hillige
- Ridder Grutkrús yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw
- Russysk persoan yn de Russysk-Japanske Oarloch
- Russysk persoan yn de Earste Wrâldkriich
- Persoan yn de Russyske Revolúsje
- Slachtoffer fan de Reade Terreur yn Sovjet-Ruslân
- Russysk persoan fan Dútsk komôf
- Russysk persoan fan Deensk komôf
- Russysk persoan fan Ingelsk komôf
- Hûs Romanov-Holstein-Gottorp
- Persoan berne yn 1868
- Persoan stoarn yn 1918