Nikita de Stylyt
Nikita de Stylyt | ||
hillige | ||
16e-iuwsk ikoan fan Nikita de Stylyt. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 12e iuw | |
berteplak | Pereslavl | |
stjerdatum | 24 maaie 1186 | |
stjerplak | Pereslav | |
wurkpaad | ||
berop | Belestinggarder | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Eastersk-Otterdokse Tsjerke | |
hjeldei | 24 maaie | |
hillichdom | Nikitski-kleaster | |
attributen | keatlings |
Nikita de Stylyt (Russysk: Никита Столпник) is in 12e-iuwske hillige fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. Hy waard ferneamd as pylderhillige yn it Nikitski-kleaster noardlik fan de Russyske stêd Pereslavl-Zalesski. De hillige wurdt betocht op 24 maaie.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn syn jongerein libbe Nikita der mar op los; hy troude, mar syn libben feroare dêr net om. Hy hie in soad kontakten mei ynfloedrike minsken, foar wa't er lúkse feesten organisearre. Neffens de hagiografy wied er in 'freon fan de tollenaars'. Fanút it fort makke er misbrûk fan de minsken by it ynsammeljen fan it jild foar in nij te bouwen Transfiguraasjetsjerke. Dêrby wie Nikita sa ynklauwerich, dat er sûnder genede ûnbidich grutte bedragen fan de minsken rôve, dy't er foar himsels hold. Ek makke er him skuldich oan it ûnderdrukken fan earmen en hillichskeining troch jild dat foar de tsjerke ornearre wie foar himsels te hâlden.
Doe't er ris de nijboude Transfiguraasjetsjerke besocht, hearde er yn in tsjinst de wurden fan de profeet Jesaja (1:16):
- Waskje jim, meitsje jim skjin! Lit it útwêze mei jim kweadwaan, lit My it net wer sjen! Hâld op mei kweadwaan.
De wurden fan de profeet rekken Nikita sa bot, dat er fuort it beslút naam in ein te meitsjen oan syn wredens en syn libben tenei oan God te wijen. Hy liet syn ierdske besit en syn grutte lângoed efter him en gong nei it Nikitski-kleaster, dêr't er op in seldsume wize in libben fan ûnbaatsuchtigens yn spirituele askeze libbe. Hy achte himsels net mear wurdich om oer de wrâld te rinnen, liet himsels mei swiere keatlings mei trije krusen boeie en sette in stiennen deksel op syn holle. Sa dolle er foar himsels in gat foar in pylder, dêr't er himsels letter yn opslute om syn langstme nei wrâldsk genot te deadzjen en dei en nacht foar de sûnden fan himsels en foar in oar te bidden. Ek dolle er fanút it gat in ûnderierdske gong nei de Nikitatsjerke. Om it gat stie in houten hek en oer it gat wie in soarte fan baldakyn boud om simmerdeis it gat te beskermjen tsjin reinwetter en winterdeis tsjin snie.[1]
Neffens de hagiografy soed er foar syn asketyske libben en it oprjochte berou fan God de jefte fan wûnderdwaan krigen ha.
Dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De muonts waard mei geweld om it libben brocht. Doe't twa ynwenners yn 'e nacht fan 24 maaie 1186 Nikita besochten, mienden hja dat de glânzgjende fersliten keatlings fan de muonts fan sulver wiene. Hja namen it beslút de keatlings te stellen en dêrby brochten hja de muonts om it libben. Op 24 maaie wurdt Nikita de Stylyt betocht.
De keatlings binne letter werom fûn en tsjintwurdich wurde dy mei de reliken fan de hillige yn de Ferkundigingstsjerke fan it kleaster bewarre.
Genêzing fan prins Michael fan Tsjernigov
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al by it libben hie Nikita de namme dat er minsken better meitsje koe. Under de siken dy't nei de muonts kamen wie ek prins Michael Vsevolodovitsj fan Tsjernigov. Michael bleau oardel kilometer fan it Nikitakleaster stean en stjoerde ien fan syn bojaren nei de muonts om help te freegjen by it genêzen fan syn sykte. De bojaar krige fan de muonts in segene stêf mei en de opdracht dat prins Michael dy stêf fêsthâlde moast om better te wurden. Sadree't de prins de stêf beet hie, fielde hy him wer hielendal sûn. Ut tankberens liet de prins op it plak fan syn genêzing in krús sette mei it jiertal '1186'. Oant yn de 16e iuw hat it krús der stien; letter is der in stiennen kapel boud.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|