Springe nei ynhâld

Nijlânsryd

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nijlandsryd)

De Nijlânsryd (Kollumerlânsk en offisjeel: Nijlandsryd) is in feart yn de gemeente Kollumerlân. De feart rint fan de Nije See- of Bûtendyk benoarden Warfstermûne nei it súdliker lizzende De Kolk. Fan De Kolk rint it wetter fierder nei it suden as Oldlansryd om út te rinnen yn de Alde Lauwers op de grins mei Grinslân.

De namme Nijlandsryd jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Nieuwlandsried.