Nijhuzumer tsjerke

Ut Wikipedy
Nijhuzumer tsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Nijhuzum
adres Nû. 7
koördinaten 53° 58' N 5° 29' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Nikolaas fan Myra
Arsjitektuer
boujier 1721
Kaart
Nijhuzumer tsjerke (Fryslân)
Nijhuzumer tsjerke

De Nijhuzumer tsjerke is de tsjerke fan Nijhuzum yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke fan Nijhuzum waard yn 1721 boud mei gebrûk fan it boumaterjaal fan in âlder gebou op itselde plak. Mooglik wie dy foargonger in romaanske tsjerke, dy't foar de reformaasje oan 'e hillige Nikolaas wijd wie. Nei't de oanhingers fan 'e grifformearde lear it gebou oernamen, foel de tsjerke ûnder de tsjerklike gemeente fan 'e Gaastmar-Nijhuzum. Oan 'e tsjerklike gearwurking fan de twa doarpen kaam yn 'e jierren 1970 in ein.

De klok yn it houten geveltuorke waard yn 1729 troch Cyprianus Crans fan Inkhuzen getten en hat in dimater fan 60 sintimeter.

It ynterieur bestiet út in preekstoel, in doophek en de tsjerkebanken. Oer de flier lizze twa sarken út 1779 en 1798.

Om't der gjin ferwaarming en ferljochting yn de tsjerke wie, gyngen de Nijhuzumers winterdeis foar de tsjinst nei De Gaastmar. En simmerdeis kaam it tsjerkefolk fan 'e De Gaastmar mei de dûmny dan oer it wetter nei Nijhuzum foar de tsjinst. Ek hat de tsjerke nea in echt piipoargel hân. Yn 'e tsjerke stiet in harmoanium.

Gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Stifting De Nijhúzumer Tsjerke is as eigner fan 'e tsjerke ferantwurdlik foar it behear. Yn gearwurking mei tsjerken út de omkriten wurde der simmerdeis troch de Nijhuzumers oekumenyske tsjinsten organisearre. Muzykferienings fersoargje dan foar de begelieding fan de sang. Foar in ridlike fergoeding wurdt de tsjerke ek ferhierd foar konserten en troutsjinsten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: