Nijefeanster Wyk

Ut Wikipedy

De Nijefeanster Wyk is in feart yn de gemeente Opsterlân. De feart leit noardwest fan Waskemar en súd fan Bakkefean, fan de Biskopsreed noardeast fan de Duerswâldster heide nei de Mandewyk.

In wyk is in fan de haadfeart ôfgeande lytsere feart om turf ôf te fieren.

De namme Nijefeanster Wyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Nieuwveensterwijk.