Springe nei ynhâld

Nije Laweiswyk

Ut Wikipedy

De Nije Laweiswyk is in feart yn de gemeente Smellingerlân. De feart rint east fan Drachten. Oan de westkant fan de wei De Feart nei Drachtster Kompenije leit de Laweiswyk, oan de eastkant hjit it de Nije Laweiswyk. Oan de eastkant fan Drachten rûne in hiel soad wiken, dy't yn de feanterijtiid brûkt waarden om turf ôf te fieren.

De namme Nije Laweiswyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Nieuwe Laweiswijk.