Nije Feart (Sondeler Leien)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

De Nije feart is in feart yn de gemeente De Fryske Marren. De feart ferbynt De Ie by de N359 yn de polder Bûten Ie mei de súdliker lizzende Sondeler Feart en de Sondeler Leien.

De namme Nije Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Nieuwe Vaart.