Sondeler Leien

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Sondeler Leien (2008)

De Sondeler Leien is in iepen mar fan ûngefear 27 ha en in gemiddelde djipte fan 1 m en in relatyf lytse ouwerlingte. De mar leit yn de gemeente De Fryske Marren tusken Aldemardum en De Lemmer, besuden Wikel.

It is in boezemwetter mei in koarte ferbliuwstiid trochdat der in soad trochstreaming is nei in grut efterlân. De ferbliuwtiid is gemiddeld sa. 22 dagen. By in tige grutte oanfier fan wetter mei in soad slyk kin it marke wierskynlik net helder wurde troch de fiskstân út te tinjen.