Nicolaus Knüpfer
Nicolaus Knüpfer (Leipzig, ± 1609 - Utert, oktober 1655) wie in Nederlânsk keunstskilder fan Dútsk komôf.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Knüpfer krige syn oplieding yn Leipzig by Emanuel Nysen[1]. Dan ferhûzet er nei Maagdenburch dêr't er kwasten makket foar keunstskilders, mar ferhûze letter nei Utert om by Abraham Bloemaert te arbeidzjen. Letter waard er selsstannich skilder yn Utert.
Hy die mei oan it dekorearjen fan it kastiel Kronborg yn Denemark, en skildere figuerkes yn de lânskippen fan Jan Both en Jan Baptist Weenix. Knüpfer wie in súksefolle en djoere learaar, dy't ûnder oaren letter grut wurden skilders as Jan Steen en Gabriel Metsu ta syn learlingen rekkenje koe.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Knüpfer skildere behindige skilderijkes mei bibelske, literêre en mytologyske sênes, mar ek alledeiske sjenretafrelen. Syn figueren binne faak yn ienfâldige hâldingen werjûn en skildere mei flotte streken en wite aksinten.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|