Springe nei ynhâld

Nicolaas Westendorp Boerma

Ut Wikipedy
Nicolaas Westendorp Boerma (18721951)

Nicolaas Westendorp Boerma (Nieuwolda, 6 april 1872 - Bergen, 28 novimber 1951) wie in Nederlânsk predikant en heechlearaar.

Westendorp Boerma wie in soan fan predikant Jacobus Johannes Boerma en Frouke Steenhuissen. Hy studearre teology oan de Ryksuniversiteit Grins en promovearre dêre yn 1910 cum laude. Westendorp Boerma wie efterelkoar predikant yn Blije en it Brabânske Budel. 1935 waard er beneamd ta lektor sedelear oan it minniste seminarium yn Amsterdam. Yn 1939 folge syn beneaming ta heechlearaar yn de wiisbegearte fan de godstsjinst oan de Universiteit fan Amsterdam.

Westendorp Boerma wie ien fan de oprjochters fan it tydskrift Mens en Maatschappij. Hy publisearre geregeldwei yn it Wijsgerig Tijdschrift en wie as redakteur ferantwurdlik foar de útjefte fan it Tijdschrift voor Zedekunde (letter feroare yn Tijdschrift voor de Ethiek). C.W.Mönnich, dy't yn 1942 by him promovearre wie, folge him op as heechlearaar.

Westendorp Boerma troude 1 juny 1898 yn Grins mei Henderina Johanna Cremer, dochter fan predikant Joannes Swaagman Cremer en Annegiena Kornelia Limborgh. Harren soan Jacobus Johannes wie histoarikus en publisearre mear as ien wurk oer Johannes van den Bosch. Soan Johannes wie sjef fan it sintraal militêr hospitaal yn De Haach. Nei it ferstjerren fan syn earste frou yn 1918 troude Westendorp Boerma op 15 oktober 1931 mei J. Huizinga. Hy stoar yn de âldens fan 79 jier yn Bergen. Hy waard te hôf brocht yn Blije, it earste plak dêr't er as dûmny stie en dêr't syn earste frou stoarn en beïerdige wie.

  • De leer van den zedelijken zin bij Hutcheson, Ljouwert, 1910 (proefskrift)
  • Geen zedelijk onderwijs, Hollandia, Baarn, 1912
  • Realistische ethiek: omzwervingen op het terrein van moraal en zedelijk oordeel, H.J. Paris, Amsterdam, 1933
  • Neen en ja: ethisch-religieuze studiën, Paris, Amsterdam, 1939
  • De wetenschapsopvatting van een theoloog, Paris, Amsterdam, 1939 (ynaugurele rede)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: