Springe nei ynhâld

New Skin for the Old Ceremony

Ut Wikipedy
New Skin for the Old Ceremony
De platehoes
De platehoes
algemiene ynformaasje
artystLeonard Cohen
taalIngelsk
sjenreFolk
Rock
útbrocht11 augustus 1974
opnommenSound Ideas Studio,
febrewaris 1974
doer37:11
labelColumbia
produsintLeonard Cohen
John Lissauer
resultaten
albumlistenflagge fan Nederlân Album top 100 - 18
sertifisearre Grut-Brittanje sulver
albumgronology fan Leonard Cohen
Songs of Love and Hate
(1971)
 New Skin for the Old Ceremony
(1974)
 Death of a Ladies' Man
(1977)

New Skin for the Old Ceremony is it fjirde album fan de Kanadeeske poëet, skriuwer en sjonger Leonard Cohen. Op dit album nimt Cohen wat ôfstân fan de sobere, suver minimalistyske styl fan syn earste trije LP's. Foar it earst klinke de nûmers foller troch de mear folsleine arrangeminten dêr't fioelen, banjo's, mandolinen, slachwurk en blaasynstruminten yn te beharkjen binne. New Skin for the Old Ceremony ferskynde yn 1974 by Columbia Records, mei as produsint John Lissauer.

Alle nûmers fan dit album binne skreaun troch Leonard Cohen.

nû. titel doer
1. Is This What You Wanted 4:13
2. Chelsea Hotel #2 3:06
3. Lover Lover Lover 3:19
4. Field Commander Cohen 3:59
5. Why Don't You Try 3:50
6. There Is a War 2:59
7. A Singer Must Die 3:17
8. I Tried to Leave You 2:40
9. Who by Fire 2:33
10. Take This Longing 4:06
11. Leaving Green Sleeves 2:38