Springe nei ynhâld

Nepnijs

Ut Wikipedy
In yllustraasje fan Frederick Burr Opper út 1894 mei ferslachjouwers dy't ferskate foarmen fan nepnijs rûnbringe.

Nepnijs of ferrifeljend nijs, yn it Ingelsk (en bytiden yn it Frysk) fake news, is falske ynformaasje of desynformaasje dat as nijs presintearre wurdt. It hat gauris ta doel om de reputaasje fan in persoan of ienheid te skansearjen, of om jild troch reklame dêrfan te meitsjen.

Nepnijs kaam eartiids yn printe foarm foar, mar it foarkommen fan nepnijs naam tige ta mei it kommen fan sosjale media, benammen Facebook. Politike twaspjalt, befêstigingsfoaroardielen, en algoritmen op sosjale media hawwe oan it sprieden fan nepnijs bydroegen. Ek persoanen of organisaasjes om utens besykje mei nepnijs de polityk te beynfloedzjen, sa as bygelyks de Russyske ynminging mei de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2016. Ek yn guon gefallen befettet nepnijs satiryske artikels dy't as nijs sjoen wurdt.

Yn de Angelsaksyske wrâld waard fake news in fêst begryp yn de iere ienentweintichste iuw, ynearsten as oantsjutting foar satiryske mediarubriken mei alhiel optochte nijsberjochten (hoaxes) lykas The Onion en The Daily Show. De ynhâld fan sokke rubriken is te ferlykjen mei itjinge dat yn in soad lannen sjoen wurdt as aprillerij.

Fan 2016 ôf waard it begryp ynternasjonaal gongber nei oanlieding fan de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2016. Optochte berjochten oer beide kandidaten soene in soad kiezers ferkearde ynformeesje jûn hawwe en dus de útslach fan de ferkiezings beynfloede hawwe.

Ien definysje fan nepnijs, dy't troch The Guardian en NRC Handelsblad brûkt wurde, is dat it om folsleine optochte berjochten giet, dy't as ferslachjouing presintearre wurde. Mei dy definysje wurdt satirysk "nijs" beheind meinommen, mar lit wol in ferskil bestean tusken nepnijs en oare foarmen fan minne berjochtjouwing, lykas it oerdriuwen of it betinken fan ekstra "feiten" by wiere foarfallen.

It begryp fake news waard ek oernommen troch presidint Donald Trump, en oaren yn polityk rjochts yn de Feriene Steaten, tsjin de neffens harren miening fijannige nijsmedia. Neffens guon sjoernalisten stiet de betsjuttenis fan it begryp dêrtroch ûnder druk, wylst oaren tinke dat it komt troch de populariteit fan it tinkramt oan de manier dy't de media fan eltse lytse útspraken fan de presidint in soad omtinken jout ta neidiel fan it wiere politike nijs. Syn gebrûk fan in fêst begryp om berjochtjouwing dy't er net lije mocht as nepnijs te neamen, wurdt wol ferlike mei it begryp Lügenpresse dat de nazys yn harren propagandastrategy brûkten.

Neffens Claire Wardle fan First Draft News binne der sân foarmen fan nepnijs:

  • satire of parody; mei it doel immen of in saak bespotlik te meitsjen
  • falske konneksje; dêr't de ynhâld oars is as de kop tinken docht
  • misliedende ynhâld; om in tinkramt te skeppen fan in persoan of saak
  • falske ynhâld; dêr't wiere ynhâld ferdraaid waard
  • ferrifele ynhâld; dêr't wiere ynhâld fol sitte mei falske en optochte boarnen
  • manipulearjende ynhâld; dêr't wiere ynhâld ferdraaid is om te mislieden.
  • optochte ynhâld; dêr't ynhâld folslein falsk is
Ynfografyk Hoe om nepnijs te ûntdekken útjûn troch International Federation of Library Associations and Institutions

De International Federation of Library Associations hat in diagram (hjir njonken) útjûn, dêr't nei sjoen wurde kin om nepnijs te ûntdekken:

  1. Sjoch nei de boarne (om syn doel en missy te begripen)
  2. Lês fjirder as de kop (om it ferhaal te begripen)
  3. Sjoch nei de skriuwers (om te sjen oft se wier en te leauwen binne)
  4. Lês de boarnen (om wis te wêzen dat se oerienkomme mei it ferhaal)
  5. Sjoch nei de datum fan publikaasje (om te sjen dat it ferhaal by de tiid is)
  6. Sjoch of it om in grap giet (om te bepalen oft it satire is)
  7. Sjoch nei dyn eigen foaroardiel (om nei te sjen oft immen syn eigen oertsjûging ynfloed op syn oardiel hat)
  8. Freegje saakkundigen (om befêstiging te krijen fan deskundigen of feitehifkers)

In stikmannich organisaasjes en media presintearje harren as feitehifkers (Ingelsk: fact checkers) mei wol of gjin ynstruksjes om it ûntdekken fan nepnijs. In nust dêrfan wurdt oerkoepele troch it Amerikaanske International Fact-Checking Network.

Paus Fransiskus frege yn syn boadskip foar de 52ste Wrâldkommunikaasjedei op 13 maaie 2018 op "om de striid oan te gean mei nepnijs, dat de oanset jout ta haat en populisme".

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.